Jeugd Toanielstifting Sint Nyk spilet Toanielstik Lamelos

ST NYK

De jeugd fan Toanielstifting Sint Nyk is yn septimber entúsjast begûn mei it repetearjen fan it Toanielstik "Lamelos". Dit stik is yn it Frysk skreaun troch Tjerk Kooistra, en hy hat it basearre op de tv serie Loenatik.

De Majoar, Beppy, Fats, Dr. Doolittle en frou de Haas wenje yn'e psychiatryske klinyk Lamelos. Wyls direkteur Onno him dwaande hâldt mei jildsaken, soarget Suster Tialda dat de pasjinten harren pillen krije en fersoarget stazjêre Wil de kreative therapy. Wannear't de pasjinten te hearren krije dat Lamelos har doarren slúte sil, komme se mei in lumineus plan.

De premierejûn, 27 jannewaris, is op in pear kaarten nei útferkocht, mar foar 3 en 10 febrewaris binne der noch kaarten te krijen fia www.toanielstnyk.nl.


Auteur

Redacteur