Haskerhoarne spilet: Soest’fiele wat ik fiel, dan piipest wol oars

HASKERHORNE

De spilers en spylsters fan toanielferiening De trije botsense hoanne út Haskerhoarne binne al sûnt begjin oktober oan it rippetearen om op 25 en 26 jannewaris klear te wêzen foar de jierlikse toanielútfieringen. Dit jier spylje se it blijspul Soest’fiele wat ik fiel, dan piipest wol oars, fan Evelien Evers, oersetten yn it Frysk troch Roel Klijnstra.

It spilet him allegearre ôf yn in garaazjebedriuw, dêr’t nochal wat minsken wurkje en/of húsmanje. It oannimmen fan in nije froulike monteur soarget foar konsternaasje en jaloezie. Mem Tine besiket der it bêste fan te meitsjen, mar dat falt net altyd ta! Hoe’t it allegearre ôrint? Dat is te sjen op tongersdei 25 en freed 26 jannewaris yn it doarpshûs it Trefpunt yn Haskerhoarne. Beide jûnen begjint it om 20.00 oere, de tongersdeis kin der nei de tiid gesellich neisitten wurde ûnder it genot fan in drankje, de freeds kinne de fuotten fan de flier op de muzyk fan I.K.E.A..


Auteur

Redacteur