Verkiezingen | Gemeenteraadsleden stellen zich voor

Joure

De volgende gemeenteraadsverkiezingen worden op 21 maart gehouden. Zo ook in gemeente De Fryske Marren. Maar waar kan de burger uit kiezen? En wat zijn de standpunten van de politieke partijen? De komende weken stellen raadsleden zich voor in deze krant.

Deze week: Jochum Meester, raadslid voor de FNP.

1. Welk thema wilt u persoonlijk het meest benadrukken in de verkiezingscampagne? En wat zijn daarvoor uw redenen?

• Sport en beweging fyn ik fan grut belang foar jong en foar âld. Dat hoecht net allinne as ûntspanning, mar is ek goed foar de sûnens. Boppedat hat sport en it ferieningslibben dêromhinne in binende rol: it bringt libben yn de mienskip. Sport moat dan ek leechdrompelich en betelber bliuwe, sadat elkenien meidwaan kin en dêr wol ik my graach hurd foar meitsje.

2. Welk thema speelt een minder opvallende rol dan in de vorige gemeenteraadsverkiezingen? Hoe verklaart u dat?

• De besunigingen dy’t ús gemeente trochfiere moast. In soad organisaasjes en ynwenners ha ús as ried opsocht en meitocht oer hoe’t wy de besunigings ynfolle koenen. Wy binnen no in oantal jierren fierder en ha it hûshâldboekje as gemeente goed op de rit. Dat moatte we sa hâlde.

3. In welke opzichten is de band in deze raadsperiode tussen hoofdplaats Joure enerzijds en de andere steden en dorpen anderzijds gegroeid? Of is er sprake van grotere afstand?

• Ik tink dat dat foar alle doarpen en de stêd oars leit. Persoanlik tink ik dat de bân no better is dan yn it earste jier. Dat hat ‘er mei te krijen dat bygelyks de doarpskoördinatoaren hiel goed wurk dogge foar pleatslik belangen, en dat it nije en ûnbekende fan De Fryske Marren der wat fan ôf is. Ik tink dat der fisyk noch hieltyd in grutte ôfstân is nei de Jouwer ta, mar foar it gefoel fan ús ynwenners sil dy ôfstân stadichoan lytser wurde omdat ús gemeente hieltyd mear en op bettere wizen te berikken is fia tillefoan en fia de digitale wei. Dêrneist bliuwe de servicepunten en miljeustrjitten yn Balk en op ‘e Lemmer bestean, wat de FNP oanbelanget.

4. Wat is uw opvatting over het functioneren van de Wet dualisering gemeentebestuur (2002) in De Fryske marren inzake het vooraf en achteraf controleren van het collegebeleid door de gemeenteraad?

• De ried hat foldwaande mooglikheden om sawol foarôf as achterôf de kontrôle út te fieren. It kolleezje hat de ôfrûne riedsperioade regelmjittich de ried ynformearre oer geande saken, sawol op eigen inisjatyf as op fersyk fan de ried sels. Neffens my ferrint dat goed yn ús gemeente.

5. Wat is er opvallend aan de kandidatenlijst van uw partij voor de komende verkiezingen?

• It oantal kandidaten: 35 fan ús leden út sawat alle hoeken fan ús gemeente ha har wer beskikber steld foar in plakje op ús list. De earste tsien op ús list sitte allegearre no ek al yn de ried of it kolleezje en mei har ûnderfining en kunde gean wy graach de kommende riedsperioade yn.

6. Op welke wijze valt er in het verkiezingsprogramma van uw partij een juist evenwicht te onderscheiden tussen economische groei en ruime aandacht voor het milieu?

De FNP set yn it ferkiezingsprogram yn op in hege kwaliteit fan de romte fan De Fryske Marren. De iepenheid dy’t grutte parten fan ús gemeente kenmerket, wolle wy behâlde, lykas it gloaiende lânskip en de bosken. Dat binne foar ús gemeente de sterke punten, en in reden dat in soad minsken nei ús gemeente ta komme om te rekreëarjen en te wurkjen.

In oare grutte ekonomyske krêft fan ús gemeente sit yn it MKB; it jild dat dêr fertsjinne wurdt bliuwt faak yn de regio. Goed foar De Fryske Marren en har ynwenners. Wy stribje der nei om (lytse) bedriuwen te behâlden foar de doarpen, troch se beheinde útwreidingsmooglikheden te jaan sadat se noch passe by de aard en skaal fan it doarp. Hjir is maatwurk op syn plak, omdat gjin doarp gelyk is. De gemeente kin it MKB stimulearje troch by it útbesteegjen fan wurk lokale dan wol regionale ûndernimmers út te nûgjen. As regels dit yn de wei steane, dan moatte wy sykje nei kreative (en legale) oplossingen om it wol foar inoar te krijen.

Foar wat it miljeu fierders oangiet ferwiis ik troch nei ien fan de folgjende fragen.

7. In welke opzichten is De Fryske Marren een krimpgebied? En in welke opzichten niet?

• Hoe’t je it ek besjogge: wy wurde hieltyd âlder en it tal bern dat berne wurdt nimt ôf, ek yn ús gemeente. Wy moatte net krampeftich mei krimp omgean, mar kreatyf wêze en leare fan oaren. Sa slacht de krimp fan it oantal learlingen de kommende tiid dochs wol aardich ta yn De Fryske Marren. Minder skoallen is it gefolch. De FNP ropt skoalbestjoeren fan iepenbier en bysûnder ûnderwiis op om gear te wurkjen om in goede sprieding oer de gemeente te hâlden. It behâld fan teminsten ien skoalle draacht by oan de leefberens fan in wenplak.

8. Bent u van mening dat het gemeentelijk beleid in De Fryske Marren teveel wordt bepaald door beeldvorming? Of valt dat wel mee?

• Ik fyn dat wol meifallen. It gemeentlik beleid wat wy no hawwe bestiet gruttendiels út in mjuks fan it belied fan de trije âlde gemeenten. Fansels jildt dat net alhiel foar it belied binnen it sosjale domein; dêryn rinne wy as gemeente foaroan en binne wy foarútstrjibjend.

Der binne wol ûnderwerpen dy’t kenmerkt wurde troch byldfoarming mar it is faak better om op feiten en yn goed petear mei ynwenners en organisaasjes belied te foarmjen en neffens my giet dat yn ús gemeente op in goede wize.

9. Op welke drie thema’s hoopt uw partij behoorlijke resultaten te boeken in de komende bestuurlijke beleidsperiode? En waarom kiest u voor deze drie thema’s

• Miljeu, duorsumens en enerzjy

o As it oan de FNP leit giet de gemeentlike organisaasje yn de kommende riedsperiode folslein oer op duorsume enerzjy. De gemeente kompostearret harren eigen grien en brûkt dat op eigen grûn. Kompostearjen fan it eigen grien fan partikulieren wurdt stimulearre. De dakken fan gebouwen moatte safolle mooglik brûkt wurde om sinne-enerzjy op te wekken (sa kin asbestsanearring ek in triuw yn de goede rjochting krije). Doarpen en enerzjykoöperaasjes kinne dêr yn meidwaan; der kin besjoen wurde yn hoefier lytse sinneparken passend by aard en karakter by doarpen oanlein wurde kinne.

• Ferkear en ferfier

Yn dit kader ha wy meardere saken wêr’t wy ús foar hurd meitsje wolle:

o De FNP is foar de oanlis fan fytspaden mei safolle mooglik skieding fan swier ferkear en fytsers, sadat bygelyks de skoalgeande jeugd feilich de skoallen berikke kin. Fytspaden drage boppedat ek by oan in rekreatyf doel.

o De FNP sil net neilitte om by elke mooglike gelegenheid te wizen op de needsaak fan (en te pleitsjen foar) in akwadukt ûnder de Skarsterrien.

o De N359 (rûnwei) troch De Lemmer wurdt no opwurdearre. As út de evaluaasje bliken docht dat der gjin substansjele ferbettering fan de trochstream is, dan pleitet de FNP opnij foar in akwadukt ûnder de Sylroede troch.

o De FNP is fan betinken dat rekreaasje en toerisme by Terherne net lije meie ûnder de farwei nei It Hearrenfean. Dat is no wol it gefal, dus der moat socht wurde nei in alternative rûte. Rekreaasje en toerisme is foar ús gemeente in belangrike faktor, foaral ek by Terherne.

• Finânsjes

o De gemeente sil in ferantwurde, sûn en sunich finansjeel belied fiere en besiket dêrby de lêsten foar de boargers sa leech mooglik te hâlden. Yn alle gefallen ûnder it Frysk gemiddelde. De OZB-ferheging moat beperkt wurde. Wy wolle ûndersykje as it beteljen fan de gemeentlike lêsten oer 12 moannen útsmard wurde kin (en net mear oer 10 sa as no), dat makket it foar in part fan ús ynwenners makliker om rûn te kommen.

10. Waarvan denkt u over de afgelopen politieke periode: dit had echt heel anders gemoeten? (Of dat nu van door inbreng van uw eigen partij komt of door die van bijvoorbeeld het college).

• Alle drokte en ûnrêst dy’t der wie omtrint de statushâlders en de tydlike wenten dy’t de gemeente earst fan doel wie om te bouwen. Uteinlik hat ús gemeente dat oprêden sûnder de tydlike wenten, mar foardat it safier wie hat it in soad ûnrêst yn ús gemeente oplevere.

11. Vindt u de mens nog wel centraal staan in het gemeentelijk beleid? Gaat het niet teveel alleen maar om de financiën?

• Alles moat fansels wol betelber bliuwe. Wy kinne net mear útjaan as dat der binnenkomt en dus spylje finânsjes wol in wichtige en bepalende rol. Mar it moat net sa wêze dat wy dêrmei folslein foarby gean oan de minsklikheid. Yn myn eagen moat de minsk safolle mooglik sintraal stean yn it gemeentlik belied. De gemeente is der foar har ynwenners en net oarsom.

12. U zult ongetwijfeld punten zien in uw eigen woonplaats die de aandacht van de politiek verdienen. Welke punten zijn dat volgens u en gaat u zich daar ook hard voor maken?

• De gymseal yn Sint Jut is oan syn ein; der moat sjoen wurde wat dêr yn de takomst foar weromkomt. Fierder hear ik de lêste tiid geregeld dat de rûte fan de tsjerke nei it tsjerkhôf ferbettere wurde kin. Ek it oanlizzen fan in fytspaad oan de Molestelle is al meardere kearen neamd yn de lêste Pleatslik Belanggearkomsten. Dat binne al in pear fan de saken dy’t yn it doarp spylje. As doarpsgenoaten dêr fia bygelyks in wurkgroep it inisjatyf yn oppakke wolle dan wol ik my dêr hurd foar meitsje yn de gemeenteried.


Auteur

admin