Recensie | In rûntsje fan Revu de Jouwer

DE JOUWER

De jûn wurdt iepene troch Harke Harkstra, dy’t audysje dwaan wol foar de Nijjiersrevu. Op ludyke wize leit Harke de spulrigels dy’t foar it publyk jilde noch ris út.

Noch foardat de gerdinen iepen gean, hearre wy de klanken fan de fioele. De rest fan de 6-koppige band set ek yn en de spilersploech, klaait yn fleurige rokjes en huodsjes mei rûntsjes, begjint de 32ste Nijjiersrevu “Wy dogge noch in rûntsje!” mei in liet op in bekende en pakkende melody. As de 18-minsken tellende ploech it poadium rommet foar de earste sketch, krijt it publyk eefkes de tiid om it dekôr te besjen. Op it earste gesicht minimalistysk, mar krekt troch syn ienfâld en kleurige beljochting skitterjend moai!

Sa as we fan Revu de Jouwer went binne, wurde sketskes ôfwiksele mei lieten. De sketskes wurde oer it generaal strak en goed delsetten. Nim no it stikje fan de jonge dy’t mei syn âlden foar de lêtste kear oer de Jouster rotonde riidt. It stikje is basearre op in mopke en past hielendal yn it tema. Dat it tema somtiden wol hiel letterlik nommen wurdt, makket it grappich. En as it goed spile wurdt, is it dan hiel slim dat de clou soms krekt wat minder sterk is? Hiel treffend wie it stik fan de fjouwer froulju op leeftiid, die’t inoar nei jierren wer moetsje sille. Dan giet it der om wei, mei troch de opsweepjende toanen fan de Revu-band.

Grutte kracht fan de Nijjiersrevu fan ‘e Jouwer bliuwt dochs wol de musyk. De ploech makket gebrûk fan bekende melodieën, mar der binne ek prachtige nije arrangeminten skreaun. Revu de Jouwer beskikt oer in grut tal solosjongers en –sjongeressen, wat de ôfwikseling grut makket, en de koarkes binne altyd mearstimmich. Somtiden giet de faart der in bytsje út troch it op- en ôfbringen fan dekôrstikken, mar dat wurdt gau wer goed makke troch moaie klaaiing, fleurige musyk en tagonklike humor. En wat ek by dizze revu wer fan it poadium ôfspat, is it groepsgefoel. Hoewol de spilers fan alle leeftiden binne, binne se tige goed op elkoar ynspile en kinne jo sjen dat se der wille yn hawwe!

Hiel bysûnder is dizze Nijjiersrevu foar spylster, sjongster, dekôrfrou en skriuwster Thea de Lange. It wie foar har de 25e revu dêr’t sy oan meiwurke hat. Fansels waart sy yn it sintsje setten. Wurdt Harke Harkstra oannommen by de revu? Wa dat witte wol, moat sels mar komme te sjen. Der binne noch kaarten te keap foar de foarstelling op freedtejûn 12 jannewaris (20.00 oere) en sneontemiddei 13 jannewaris (14.30 oere) op www.revudejouwer.nl of by Tabakspeciaalzaak J.R. van Delden. De sneontejûnsfoarstelling is folslein útferkocht.

Barren: 32ste Nijjiersrevu Wy dogge noch in rûntsje!, Teksten: Aukje Steeman, Bert Steeman, Durk Brouwer, Folkeline Papjes, Harmen Houtman, Jan Mink, Jacqueline Swart, Sieger Bijsterveld, Thea de Lange. Muzikale lieding: Leon Smits. Regy: Revu de Jouwer. Sjoen: 6 jannewaris 2018, ’t Haske De Jouwer. Belangstelling: 262. Noch te sjen: 12 en 13 jannewaris 2018. www.revudejouwer.nl; facebook.com/Revu-de-Jouwer


Auteur

admin