Agenda | “Wy dogge noch in rûntsje!”

Joure

Yn ‘t Haske op ‘e Jouwer spilet de Nijjiersrevu op 6, 12 en 13 jannewaris ‘Wy dogge noch in rûntsje!’, it tema fan de 32e Nijjiersrevu.

“Wy dogge noch in rûntsje!”, wêr tinke jo dan oan? Fansels, oan in gleske fan it ien of ‘t oar mei elkoar drinke. En oan de rotonde fan ‘e Jouwer, mar die is der no net mear. Dochs witte de minsken fan Stichting Nijjiersrevu de Jouwer noch wol wat oer de rotonde te fertellen en te sjongen. De skriuwers, dy’t eins it hiele jier mei de revu yn de efterholle rinne, binne der tige goed yn slagge dit tema troch alle sketskes en lietteksten rinne te litten en it spul ek noch aktueel te hâlden. Leon Smits hat op syn beurt de muzikale arranzjeminten passend by dizze teksten makke.

De jonge hûnen fan de band binne, mei troch harren nevenaktiviteiten by bygelyks Straight on Stage, altyd yn foar in nije útdaging. De skriuwersploech is útwreide mei in pear nije skriuwers die’t it tema somtiden wol hiel letterlik nimme. Sa komt der in winkel mei allinnich mar rûn guod op ‘e Jouwer. Muntjild is ek rûn en dat yn kombinaasje mei de gemeente levere ek genôch stof foar in stikelich sketske. Ek sport hat genôch yn him wat mei rûn te krijen hat. En wat te tinken fan ús wrâld, de sinne en de moanne.

De foarstellingen binne op sneon 6 (20.00 oere), freed 12 (20.00 oere) en sneon 13 jannewaris (14.30 en 20.00 oere) yn Party- en Zalencentrum’t Haske. Kaarten binne te keap op de webside: www.revudejouwer.nl en by Tabalkspeciaalzaak J.R. van Delden, Midstrjitte 63.


Auteur

Redacteur