De Jouster desimberdamkampioen 2017

DE JOUWER

De spanning omtrint de fraach wa de desimberkampioen wurde soe, waard mâl fersteurd troch oermacht. Earst’t gewoane wyklikse ritme fan de ûnderlinge kompetysje: Oeds de Boer tsjin Sietze de Jong.

De measte funksjejierren as dammer hawwe de trochslach jûn: Sietze wint fan Oeds en dat wie in bytsje te ferwachtsjen sjoen de eardere prestaasjes dit winterskoft. Jelke de Jong tsjin Atte Boek: Jelke kin bysûnder sterke partijen spylje mar somstiden skood hy der mar wat hinne, sa liket it dan. Dizze kear pakte hy goed út tsjin Atte, net dat soks no fuotendaliks winst oplevere mar wol in lykspul en dat leveret beide mannen in ranglistmiddenmoatposysje op.

Quido van Hazendonk tsjin Jan Kooistra: de misser fan Quido yn harren eardere partij waard net werhelle want Jan waard no traktearre op in ferliespartij. Sa komt Quido mei 10-16 as desimberkampioen foar’t ljocht want Albert Westra moast, tige spitich foar himsels en ek foar de damklup, de kompetysje stake mei 9-14. De fierdere desimberstân: Wiebren Couperus as tredde mei 10-14; dan Sietze de Jong mei 7-8 en Atte Boek mei 9-8. Jan Kooistra hat it dreechste efter de rêch (10-7) en stiet noch krekt foar Jelke de Jong mei 8-6. Dan Bonne Post, dy’t in heale kompetysje spilet, mei 6-5. Dan ha wy noch trije dragers fan de reade lantearne mar troch ferskillende feiten: Henk Haagsma, Herman de Jong en Oeds de Boer. Ultsje Venema, mei de measte klupjierren, stiet dit jier bûtenspul mar libbet noch fol-op mei.


Auteur

Redacteur