Nominearden Kultuerpriis De Fryske Marren bekend

DFM

De Kultuerpriis De Fryske Marren wurdt dit jier foar it earst útrikt. Dit bart by de Nijjiersgearkomste fan de gemeente. De priis is in aktiviteit dy’t útfierd wurdt yn it ramt fan de nota Frysk as it heal kin(2016) dêr ’t it Frysk taalbeleid yn fêstlein is.

Foar de Kultuerpriis is in karkommisje ynsteld, besteande út Karel Gildemacher fan De Jouwer, Baukje Meetsma fan De Lemmer (foarsitter) en Johan Rietberg út Balk; trije ynwenners mei ûnderfining op it mêd fan keunst en kultuer. De kommisje hat it kolleezje in advys jûn mei de foardracht om dizze trije kandidaten te nominearjen en ien dêrfan de priis ta te kennen.

De kommisje hat yn twa byienkomsten in kar makke út de 28 ynstjoerde foardrachten. De foardrachten wiene kwa werkomst en ynhâld in blomryk gehiel, it gie om tonielferienings en foarstellingen, festivals, iepenloftspullen, musyktéater, koaren, bandsjes, bylden, monuminten, keunst en kultuerrûtes, skriuwers en literaire aktiviteiten.

De trije nominearden binne:

1. Berneboekedei Terherne

2. It doarp Bantegea (Opnij feriene, Iepenloftspul, Sjongersnocht)

3. Kunstkring Gaasterland

De útrikking fan de priis fynt plak op de Nijjiersgearkomste fan De Fryske Marren op 3 jannewaris fanôf 19.30 oere yn it gemeentehûs.


Auteur

Redacteur