Dammers: op nei de Kryst

DE JOUWER

Dan komt earst de fraach wa de desimberkampioen wurde sil. De komtetysjelieder toveret yn desimber de kandidaattoppers tsjinoerelkoar efter de damboerden yn’t Syl.

Hoewol de oantallen oan wedstriden te winskjen oerlitte, is der oan spanning gjin tekoart. Sa ôfrûne wike: Albert Westra tsjin Quido van Hazendonk. Albert is oant no ta de ienige sûnder ferliespartij – en dat foar in nijkommer: net mâl – en hy bleau dat ek tsjin Quido. Der gie wol in spannende partij oan foarôf. Spanning en druk fan beide kanten. Bûgen of barsten? As foksen op har iepenst want stie de fallen iepen; hoeden en foarsichtich leveret nei elk oardeloere de klok as meispiler op. Beide kamen kreas optiid mei harren 50 setten. Doe bleau der net safolle hout mear oer; en bûgen of barsten wie der út: kamp. Sa stean beide mannen op kop fan’e kompetysje mei 9-14. Ien fan harren de desimberkampioen mei noch ien kear yn de arena? Wiebren Couperus tsjin Jan Kooistra: sy hiene genôch oan’e spanning op harren eigen damboerd. Jan’s hout stie as in blok, as ien blok en dan is it dreech wurk om der spuonnen fan te meitsjen. Beide stutsen der tiid yn om in goed risseltaat del te setten: de klok kaam ek hjir om’e hoeke te sjen. Jan sakke in bytsje troch it iis, wylst Wiebren earder dy jûn al ûnderút gien wie. Dit levere pine foar it tal houten fan Jan wylst de stiennen Wiebren mear sear dien hiene. Jan moast nei in dikke trije oeren damjen belies jaan. Goede Kryst allegearre. Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen