Sinteklaas en damjen

DE JOUWER

Sjonge wy wol fan ‘Earlik sille wy alles diele’ mar wa wol soks noch dwaan? Op Sinteklaasjûn sieten der fjouwer man yn ’t Syl op’e Jouwer efter it damboerd: nei ôfrin nei hûs en de skoech opsette.

Op de damboerden waard net op foarhân besocht om de punten earlik te ferdielen. Sietze de Jong tsjin Albert Westra: in taktysk praatsje – sa fan ‘ik mei bliid mei ien punt wêze’ – wie it begjin fan in fûle striid. Sietze hood goed stân mar dochs like Albert better te stean yn it einspul. It slagge Sietze lykwols dochs om stân te hâlden en goed en wol de einstreep te heljen mei elk ien punt. Sietze wie mear as tefreden oer dit risseltaat. Atte Boek tsjin Wiebren Couperus: in bytsje oare taktyk fan Atte – net alle fiif skiven sa lang mooglik op de efterline hâlde – levere him in better risseltaat as yn harren earste partij dit winterhealjier. Dochs krige hy it dikfertsjinne punt net kado op dizze Sinteklaasjûn. Nei lange striid waarden de twa punten earlik ferdield. Hie Sinteklaas dochs, sûnder dat ien der wat fan murken hat, stikum de risseltaten be-ynfloede? Krigen de dammers miskien wat ekstra yn de skoech fanwege dit earlik dielen? Wy sille it him de oare kear freegje.

Wiebren Couperus


Auteur

Redacteur