Swart damhout delkneppele

Joure

Giet it dan mâl of wie dit te ferwachtsjen? Der wie gjin swartspiler dy’t dizze wike in poat oan de grûn krige. It wie net allegearre keunst wat de wytspilers úthellen mar sy skoarden wol de hundert presinten.

Jan Kooistra tsjin Oeds de Boer: Oeds liet ûnnoadich skiifferlies ta en wraksele fierder mei in skiif minder tsjin Jan. Yn it einspul levere dy mearskiif mear macht foar Jan en úteinlik in daam en de winst foar Jan mei wyt. Albert Westra tsjin Bonne Post: Bonne waard mei swart opsletten mei in grut tal skiven troch in trijetal fan wyt. It duorre net lang want der wie gjin hâlden oan foar swart. In daam foar wyt en doe hie swart it neisjen. Albert mei wyt in 2 en Bonne neat. Atte Boek tsjin Jelke de Jong: sa rûchwei op’e helte fan de partij reage Atte de kroanskiif fan Jelke der wei en dan is faaks de hoekstien fuort. It damhout fan Jelke kaam der net better foar te stean: ek hjirre moast swart belies jaan. Atte mei wyt de winst. Quido van Hazendonk tsjin Wiebren Couperus: fan twa kanten gjin drege pot en it like op in lykspul út te draaien mei in trochbraak fan swart en elk noch fiif skiven. Wiebren seach in swarte pyt yn de wite skiven fan Quido en hy ferputse it einspul en dat levere ek yn dizze pot damjen Quido mei wyt twa punten op en sa is der fuortendaliks ien kandidaat minder foar de kampioenstitel.

Op 28 novimber: de útwedstriid tsjin Balk.


Auteur

admin