Recensie | De Fryske Krite De Jouwer spilet De Kat yn de Kelder

DE JOUWER

De Kat yn de Kelder, klucht fan Pol Anrys, yn it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra.

Fynfielende humor hat ‘De kat yn de Kelder’ net te bieden, hilaryske mominten, soms hast absurd, in bytsje sjenant sels, in hiele protte. It stik dat De Fryske Krite De Jouwer dizze hjerst bringt, stiet garant foar in jûn ûnkomplisearre plezier. Fan de earste oant en mei de lêste sêne sil sels de grutste soertoet laitsje moatte om dit Flodder-eftige ferhaal. De titel fan it stik is ûntliend oan it sprekwurd ‘De kat in de kelder metselen’, dat safolle betsjut as: immen litte op it plak dêr’t er kwea dien hat en noch mear kwea dwaan sil. It earste giet net op foar de hushâlding De Kat, mar it twadde wol. Man (De Kat), frou (De Hont), dochter en deminte beppe krije tydlik ûnderdak yn de kelder fan in majoar en syn soere, bazige suster. En lit no dy kelder grinzgje oan in bank: in útsochte gelegenheid fansels om ryk te wurden. Pol Anrys hat it gegeven sa útwurke, dat it in eins in echte klucht wurden is, hoewol’t de skriuwer sels fan miening is, dat troch it ferhaal dat ferteld wurdt en de spanning dy’t yn it stik sit, De kat yn de Kelder krekt efkes mear is as in klucht. Foaral oan ‘e ein folget de iene ûnferwachte kear de oare. Logysk binne se net, mar op it toaniel is alles mooglik. Anrys hat ryklik gebrûk makke fan krêftwurden en pikanteryen – it is hast reklame foar ‘grinskrusend gedrach’. Blykber is soks nedich om it publyk laitsje te litten. Ek de gebrûklike persoansferwikseling ûntbrekt net. Licht oer de ‘top’ giet it stik yn it omtrôljen mei de deade beppe. Dat is minder 'smaaklik’. De Krite is de earste dy’t ‘De Kat yn de Kelder’ yn Fryslân – yn Nederlân sels -- foar de fuotljochten bringt. Yn België wurdt it dit seizoen yn alle gefalle troch sa’n tweintich ferienings spile. Der sille grif mear folgje, want it wurk fan Anrys is ûnder Flaamsktaligen bysûnder populêr. It kin net oars of ek hjir sille in protte toanielselskippen harren deroan weagje. De Krite hat mei de kar foar dit stik in oare wei ynslein: fan it serieuze toaniel nei in folslein ynhâldsleas, mar wol hiel fermaaklik ferhaal. Dêrmei wurdt it publyk dat ferdivedaasje siket seker temjitte kommen, mar oft it toaniel op in heger peil brocht wurdt, is in oare fraach. It dekor is yn oerienstimming mei wat de auteur foarskreaun hat. It sjocht der – sa as altyd -- hiel goed út, dat is de ploech dekorbouwers wol tabetroud. De rezjy is dien troch Sylvia Beintema. It hat har sûnder mis de nedige ynspanning koste om alles te krijen sa’t se it ha woe. In klucht skriuwe is ien, in klucht regissearje en spylje is twa. Der wurdt in protte frege fan benammen de timing. Sylvia Beintema is der treflik yn slagge om foarm en ‘ynhâld’ goed op inoar ôf te stimmen. In protte hinget fansels ôf fan de spilers. Meitsje dy der neat fan dan is elke klucht om de teannen by te kromjen. Nimmen sil de opfiering fan ‘De Kat yn de Kelder’ sa belibje. Mei sichtbere wille jouwe de spilers stal oan de ferskate types. Dat de ien dêr better yn slagget as de oar hoecht gjin betooch. In man as Nico de Lange (Felix de Kat) kin him hiel goed ynlibje en wit yn yntonaasje en gebeart syn personaazje ta libben te bringen. Sietske Heeg – wat in stim! – hat as mem mear fysike útstrieling as har nochal eroatysk ynstelde dochter Kim. Net dat de lêste min spilet, perfoarst net. Foar har rap útsprutsen monolooch healwei it twadde bedriuw hat Sonja Leenstra it iepen doekje dûbel en dwers ferstinne. Bysûnder fermaaklik wie de wize dêr’t Akke Knol de rol fan beppe op fertolke. Neffens it skript moast Johan Platte, de majoar, laitsje as in hynder, mar dat gong dizze sa betûfte spiler – dy’t it fierder geweldich die -- sa goed net ôf; it like noch it meast op it mekkerjen fan in geit. Mike Platte wie oertsjûgjend yn syn rol as de wat ûnbenullige frijer fan Kim. De suster fan de majoar (Margje Wierda), hie yn har uterlik eins mear fan in sloof as fan in bazich figuer. Bysûnder sterk wie se as bewusteleaze. Dat lêste komt miskien wat lytsachtsjend oer, mar dat is net de bedoeling: as in echte 'lappenpop’ liet se har fan it toaniel ôf drage. Jan Kuipers (de ûntstopper) en Wiep Wiersma (de meiwurkster fan de sosjale tsjinst) diene wat se moasten, mar harren rol wie sa koart, dat se net de gelegenheid hân ha om har te ûnderskieden. De oanwêzigens fan sawol de skriuwer as de oersetter joech oan dizze sfearfolle toanieljûn noch in ekstra aksint. Einoardiel: in goede klucht, dy’t prachtich spile wurdt. Wat in ploech kin De Krite op de planken bringe. Jim kinne der noch fan genietsje op 24 en 25 novimber, oanfang 20.00 oere, yn It Haske. Warskôging: wa’t gjin sin hat om te laitsjen moat thúsbliuwe. Tekst: Sieger Bijsterveld

Auteur

admin