Foar master opslaan

DE JOUWER

Op papier ien spannende partij damjen dizze wike: Bonne Post tsjin Jan Kooistra. Jan, de nûmer trije fan ferline jier, mei no mar ien punt mear as Bonne: dat sil spanning jaan want it is in fjouwerpuntepartij.

Lykwols healwei de partij siet Jan yn de penaarje en Bonne op roazen. Trochbrekke nei de daamline en de efterhoede goed tichtimmere mei damhout: Jan goaide de handoek op it damboerd en dat wie de ein fan it spul damjen. Bonne – Jan: maklik 2-0. Sûnder him yn te spannen om stean te bliuwen op it damboerd koe Quido van Hazendonk tsjin Oeds de Boer der in learsume jûn fan meitsje. De nijkommende-learling Oeds tsjin de kampioen-fan-eardr Quido 0-2. Wiebren Couperus – Jelke de Jong: fanwege syn jierdei traktearde Jelke de hiele klup mar Wiebren krige de dûbele laach. Jelke siet hiel goed yn syn damfel en Wiebren krige net goed in foet oan de grûn. Yn it einspul kaam Jelke him oer’t mad mei in trochbraak nei daam: klauwen foar Wiebren om der noch wat goeds út te heljen - hy hie earder in fûgel oer it net fleane litten. In meifaller foar Jelke: hy hie rekkene op ‘lege hannen’ mar kaam thús mei in fet lykspul: fetkûl en foar master opslein yn de spannenste partij fan dizze damjûn op’e Jouwer.


Auteur

admin