Te stoel en te bank op’e Jouwer: efter it damboerd

DE JOUWER

Soms sit it mei en soms sit it tsjin: Atte Boek tsjin Oeds de Boer soe eins in net al te dreech potsje foar Atte wêze moatte.

Ien mar: at it brein wat betinkt en der sit noch ien oan de oare kant fan in damboerd, kin it soms in rare draai meitsje. Atte soe in haal dwaan mar Oeds seach it oars en ek noch better: Oeds rekke op meartal hout en koe Atte der ûnder strûpe litte. In bytsje tûker yn it einspul en Oeds hie de earste punten te pakken krije kind. Hy liet it yn it einspul mâl sitte en Atte krige dochs noch wêr’t hy earder op hope hie, te witten: de beide punten… Dan Jelke de Jong tsjin Albert Westra: it gie net sa mâl mei Jelke en syn damskiven. Hy hood it hout droech mar dat wie net genôch foar de winst of sels mar in lykspul. In setsje en Albert striek de winst op en komt sa mei oan kop fan de ranglist mei 6-10. Bonne Post moast tsjin Sietze de Jong: der siet gjin gong yn fan beide kanten. Op sa’n manier komt der tiidkrapte as it fallen fan de flage tichtby komt. Op bûgen of barsten lieten de beide spilers it net oankomme: in hândruk en beide in punt en tevreden. Jan Kooistra tsjin Wiebren Couperus: in avontuerke fan Wiebren levere Jan in bettere stân op. Fan trochdrukken en de winst opstriken kaam it net fan Jan’s kant. Mei in twa-om-twa ôfruil, noch krekt foar de tiidkontrôle, krige Wiebren mear lucht en romte en stelde sa ien punt feilich en Jan wie tefreden mei it oare punt.


Auteur

Redacteur