Fryske Krite spilet De Kat yn de Kelder

DE JOUWER

Fryske Krite De Jouwer set dit toanielseizoen útein mei de klucht De Kat yn de Kelder. It stik is skreaun troch de Belg Pol Anrys en yn it frysk oerset troch Gurbe Dijkstra. Beide mannen sille oanwêzich wêze by de premjêre-jûn fan dit frysk premjêrestik.

Evert, in âld majoar, lit de kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn syn kelder wenje. De famylje hat in plakje nedich omdat har eigen hûs ôfbrânt is troch de binnendoar-barbecue. Tecla, de soere suster fan Evert is poer op dizze útfanhûzerij tsjin.

De famylje De Kat bestiet út heit Feliks, mem Sylvia, dochter Kim en beppe. Sy wolle earst net yn de kelder wenje oant se der efter komme dat se dan neist de bank wenje. Feliks sjocht in kâns op de jackpot wol sitten en hy beslút út de kelder wei in tunnel nei de bank te graven. Dit wurdt uteraard in nuodlike ûndernimming en it smyt de iene hilaryske situaasje nei de oare op , ek al omdat beppe har hiel eigen ynbring hat. Boppedat wurdt Kim fereale op Sven, dy’t te pas en te ûnpas yn de kelder opdûkt, mar Kim liket de Majoar ek gâns op te winen. Tecla siket om de kat dy’t samar wei wurden is en wat moat dat drumstel? Uteinlik liket it plan te slagjen en blykt de majoar mei in grutte ferrassing út de hoeke te kommen.

De opfiering is op 3 toanieljûnen (18, 24 en 25 novimber) en sneintemiddei (19 novimber) yn Party- en Zalencentrum It Haske. Foar kaarten en mear ynformaasje besiik de webside www.fryskekrite.nl.


Auteur

Redacteur