Jouster dammers: de gong der yn.

DE JOUWER

Gjin stoarm op in damboerd mar dochs gie it de helte fan de dammers goed foar de wyn. De oare helte dammers luts oan it koartste ein.

Neffens it skoarend fermogen hie Wiebren Couperus it tsjin Oeds de Boer it maklikst: Oeds sit noch yn it learproses en seach in eigen losse skiif oer de kop doe’t hy de daam fan Wiebren opromje soe. It koste him twa skiven ekstra en dat is tefolle fan it goede. Oeds moast beide punten ynleverje. Dat moast ek Atte Boek: tsjin Quido van Hazendonk kaam Atte hiel min út de startblokken. In healferkearde iepening.. Watte? In hielendalferkearde iepening en Atte hie in skiif minder. Tsjin Quido kin soks net lije. Atte strûpte der stadichoan ûnder: in ‘nul’ yn minder as oardeloere tiid. Albert Westra tsjin Jan Kooistra: it gie net sa mâl want Jan koe kreas bybliuwe yn tal houten. Lykwols die Jan in ôfruil, dy’t mei de kennis fan no, better net kind hie. Albert die syn foardiel der mei en briek troch nei de daamline. Jan besleat om der fierders gjin tiid yn te stekken en berêste yn it risseltaat. Albert – Jan waard dus 2-0. Dit hiele dambarren waard allegearre beslikke yn goed twa oeren tiid: in gong as in hazze dizze kear.


Auteur

Redacteur