Tryater spilet Wat jo wolle yn Sint Nyk

SINT NYK

Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: op syk nei de ideale teaterjûn! Akteurs Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Nynke Heeg en Ali Zijlstra besykje út te finen wat it publyk no eins echt sjen wol. De nije foarstelling fan Tryater, Wat jo wolle, spilet op tongersdei 9 novimber yn ‘t Zalencentrum yn Sint Nyk. Kaarten binne te keap fia tryater.nl en by Jumbo St. Nyk en Van der Leest Textiel & Mode.

De akteurs sille noch mear as oars alles yn it wurk sette om it publyk it nei it sin te meitsjen. Oan de hân fan enkête – it demokratysk prinsipe fan ‘t gelyk fan de mearderheid folgjend – kin it publyk foarôf oanjaan wat it graach sjen wol. De ultime romantyske leafdessêne, in klucht mei doarren, in oade oan Fryslân of eksperimenteel spektakel; wat jo wolle.

Ynspirearre troch alle opfettingen en ideeën fan it publyk sykje de fjouwer akteurs op in komyske manier nei de yngrediïnten foar de ideale teaterjûn. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. En as it oan ús leit, komt dy ferlotting der ek. It wurdt in jûn dêr’t de winsken fan it publyk sintraal stiet. Want… ús grutste prestaasje is jim ferdivedaasje. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol?

Regisseuse Tatiana Pratley oer de foarstelling: ‘Wat jo wolle giet foar my oer hoe yngewikkeld it wêze kin dat wy minsken allegearre wat wolle, en hoe't it de muoite wurdich bliuwt om, nettsjinsteande dat gegeven, mei elkoar te sykjen nei in manier om by inoar te kommen. Ik bin fan betinken dat elke wize fan besykjen yn wêzen de muoite wurdich is. Net allinne it besykjen om in ideale teaterjûn foarm te jaan, mar ek it stribjen nei in ideale foarm om mei elkoar te libjen'.

Akteurs yn Wat jo wolle binne Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Nynke Heeg en Ali Zijlstra. Sacha Zwier is ferantwurdlik foar de foarmjouwing, de musyk wurdt fersoarche troch Hilbrandt en Nina Thunnissen is de dramaturch fan Wat jo wolle.

Tryater spilet dizze hjerst ek Elkenien is in prutser. Sjoch foar in kombikoarting, alle ynfo, ekstra aktiviteiten en kaarten op Tryater.frl.


Auteur

Redacteur