Dammers De Jouwer waskje Wikelders

DE JOUWER

It mei sein wurde: De Jousterdamklup moast troch in dwaling fan de beslissers oer degradaasje no stride tsjin damklup ‘Oan Set’ út Wikel.

De wûne is noch net genêzen mar it hielingsproses is yn gong setten mei in oerwinning yn de twadde groep fan’t SWHbûn. Yn minder as in kertier striek Atte Boek de winst op tsjin H.Feenstra: in blunder en Atte stie op de damline en der wie gjin hâlden mear oan. De twadde winst wie ek foar De Jouwer: Jelke de Jong rekke yn de iepening twa skiven foar troch ‘Harmer oalje’ want E.Dooper spile foar Sinteklaas en struide pipernuten: 4-0. It waard noch moaier: Sietze de Jong rekke in skiif yn’t foar en liet net wer los: A.Schilstra de klos. Doet Albert Westra op kundige wize dik yn’t foardiel rekke, stie de heale winst fêst. Albert wûn ek: 8-0 as tuskenstân mei noch striid op fjouwer buorden.

Bonne Post tsjin K. Terpstra: gjin bulten op it damboerd en ek gjin stroffelstiennen. Beide mannen tefreden mei 1-1 en doe wie de winst foar de Jouwer binnen: 9-1. Us nijkommer Oeds de Boer koe foar de Jousters in risseltaat boppe ferwachting delsette. Hy skoarde tsjin H.Visser syn earste dikfertsjinne punt en 10-2. Quido van Hazendonk, mei de reade protestflage yn’t want, levere gjin heal wurk en reage yn’t einspul P.van der Goat fan’t boerd: 2-0 en 12-2. As lesten Wiebren Couperus tsjin P.D.Vries: gjin skerven of skuorren yn it hout levere beide ien punt op. In kreaze 13-3 as einrisseltaat en tagelyk it begjinrisseltaat fan de SWH kompetysje.


Auteur

Redacteur