Tekening by de damkompetysje op ’e Jouwer

DE JOUWER

De ranglist komt de earste tekening fan sterkte yn: der liket net safolle feroare te wêzen neffens in jier tebek, efkes los fan de nijkommers. Sa moast Bonne Post belies jaan tsjin Quido van Hazendonk dy’t dêrmei mei oan kop komt mei 5-7.

Bonne makke der in âlderwetske prutspartij fan; dat wie dan syn eigen miening nei ôfrin fan it potsje damjen. Twa nijkommers: Albert Westra makke der gjin prutswurk fan tsjin Oeds de Boer en koe beide punten byskriuwe. Albert komt op 4-6 en hat in goed begjin makke as nijkommer. Jelke de Jong tsjin Sietze de Jong: Sietze siet in bytsje yn de tange by Jelke mar Jelke kneep net troch en sa krige Sietze wer lucht en op it damboerd de romte. Jelke waard yn de twadde helte oan kant skood. Beide mannen no op 4-4. Atte Boek tsjin Jan Kooistra: in lyk-op-geande striid mei eagenskynlik foardiel foar Jan. Atte fûn lykwols it goede paad nei in einspul dat noch yn balâns wie: 1-1. Ek Jan op 4-4 en Atte ferdûbele syn skoare en komt op 4-2. Juster kaam Wikel op besite; de útslach wachtet oant oare wike. De wedkantoaren tippe De Jouwer, hoewol dy net yn de sterkste opstelling efter de boerden komme kin of sil of wol, as winner yn ‘t Syl.


Auteur

Redacteur