Dammers: gjin lêste rûntsje

DE JOUWER

De rotonde hâldt op mar de dammers geane troch. De earste ûngewoanten binne der wat út mar echt soepel draaie giet wer oars mei de dammers mar de rontonde draaide noch nea lekker. Hjir en dêr wat gliders en soms in ûnderútgean.

Oeds de Boer tsjin Bonne Post: Oeds moat noch wenne en syn draai noch fine. Bonne hie it dan ek net echt botte dreech en koe nei in maklike winst skowe. Dan Quido van Hazendonk tsjin Albert Westra: hoewol Albert jierrenlang droech stie wat damjen oangiet, is hy it damjen echt net ferleard. Sterker noch: nei ferrin fan tiid kaam Albert op dam! It hie al in pear skiven koste mar der stie in swarte ‘wolf’ op it boerd. It slagge Quido al en romje dy dam op mar hy bleau op skiifefterstân stean. It joech lykwols gjin trochslach oer de útslach: der kaam foar beide mannen in dam op it boerd en sa ek 1-1. Wiebren Couperus tsjin Atte Boek: dik yn de twadde helte moast Atte in skiif ynleverje om te oerlibjen. Lang-om-let kaam it wetter heger by Atte en it rûn him oer de klompen mar it duorre al wat want Wiebren hie wat lêst fan wetterfrees op it damboerd; dochs hy skode stadich nei de winst.

Noch ien kear in ûnderlinge striid en dan komme de Wikelder dammers nei’t Syl foar de earste konfrontaasje foar it SWHbûn yn it winterskoft 2017-2018.


Auteur

admin