Hjerstritme op it damboerd

DE JOUWER

Foar de tiid fan’t jier is dat gewoan en dus ek min-of-mear gewoane útslagen. Sa moast Jelke de Jong tsjin Quido van Hazendonk: Jelke hat no al de lúkse fan twa winstpartijen en stie boppe-oan de ranglist.

Quido woe soks wol feroarje en dat slagge him lang-om-let ek: yn de twadde helte by elk noch tsien of minder skiven, rekke Jelke it spoar bjuster en moast belies jaan: 0-2. Sietze de Jong tsjin Jan Kooistra: de útglider fan in wike earder fan Jan stie yn it ferjitboek mar ek Sietze moast doe belies jaan. No tsjin elkoar: neat mis mei en sa skooden de beide mannen op in lykspul oan. Oeds de Boer tsjin Herman de Jong: Herman makke der in oefenpotsje fan. Hjir-en-dêr wat oanwizings en goede rie fan tredden: Oeds rekke twa skiven foar mar Herman siet dochs net stil. Hy pakte dy twa skiven werom en sjoch dêr: 1-1 yn dizze oefenpot. Bonne Post tsjin Wiebren Couperus: efkes te fluch skowen fan Bonne en doe hie Wiebren in skiif mear. Ploeterjen mei in skiif minder en ek noch yn’e tange: Bonne seach der gjin ljocht mear yn: 0-2. Dan noch Albert Westra tsjin Atte Boek: Atte wie wol tûk mar yn it einspul net tûk genôch en Albert krige de oerhân en de winst.

Der waard noch galle spuid oer de mâle fiten út De Hommerts mar dochs besleat de klup de SWHkompetysje wol oan te gean tsjin Jiskenhuzen, Wikel, Balk, Koudum en Warns.


Auteur

Redacteur