Jouster Damklup oan’e peal nagele

DE JOUWER

De kompertysjestriid fan 19 septimber waard folge troch de ledegearkomst fan it SWH-bûn. Sadwaande earst de klupjûn: Jelke de Jong tsjin Jan Kooistra, de glorieuze winner fan in wike earder.

Jan makke der dizze kear neat fan: in misser fan komsa en Jelke stie twa skiven foar; hy moast wer ien ynleverje mar dy iene mear-skiif levere him in kreaze winst op. Wa hie dat ferwachte? Quido van Hazendonk tsjin Sietze de Jong: in stân as in dyk fan Sietze mar der lei, krekt as by de echte seedyk, ferkeard asfalt op en soks lit de boel ôfbrokkelje. It wetter kaam heger en Sietze gie kopke ûnder.

Wiebren Couperus tsjin nij-lid mei al in Jouster ferline Albert Westra: fan twa kanten in drege pot dy’t in protte tiid ferge. Yn tiidsdruk fergeat Wiebren de folle winst te pakken – hy seach it ‘gewoan’ net – en nei de tiidskontrôle waard ta in puntedieling besletten.

Dan efkes in oerstapke nei De Hommerts: it risseltaat fan dizze jûn is dat de Jouster klup oan de peal nagele waard mar der sil nea dúdlik makke wurde kinne wêrom. Want wêrom is der yn in soartgelike situaasje fan in jier earder in oare beslissing nommen as no troch it bestjoer fan it bûn? Wêrom en wat wie der dan oars? Doe hie it te krijen mei Offenwier, Balk en Drylts: a wint fan b en b wint fan c en c wint fan a: it ûnderlinge risseltaat leveret gjin beslissing en der waard in beslissing nommen op basis fan it SB hoewol it boerdgemiddelde tichter by it reglemint oanslúten hie. No hiene wy te krijen mei fan de iene kant De Jouwer en Tersoal en Balk en tagelyk mei De Jouwer, Tersoal en Offenwier. Yn beide gefallen: a wint fan b en b fan c en c fan a. Sûnder dat it op ienich lid fan it reglemint fûndearre is, nimt it bestjoer in beslissing: De Jouwer is it bokje en waard sketten. It rekket fansels kant noch wâl mar wol it bokje.


Auteur

Redacteur