'Jouster damklup fleuret op'

JOURE

  It nije winterskoft is foar de dammers úteinsetten. Om mei de doar yn hûs te fallen: Jan Kooistra pakt twa punten tsjin net ien minder as Quido van Hazendonk.

Soks yn rûchwei in heal oere tiid. Eins wie Quido der sels skuldich oan: ien kear de ferkearde kant op slaan en Jan koe taslaan. Gewoan twa jaan, trije werom krije en in daam der op ta. Jan letter mei in dikke ‘smile’ op hûs oan. Derneist sieten Atte Boek en Sietze de Jong te striden. Sietze wie it damjen noch net ferleard – hy spile it ôfrûne winterskoft net – en kaam kreas op in skiif mear. Hy koe dat yn de útslach noch net sjen litte mar de oaren binne warskôge. Dizze 1-1 jûch him goede moed. Herman de Jong tsjin Wiebren Couperus: it tal houten bleau lyk oant elk noch acht skiven hiene. In ‘efterkrûper’ fan Herman jûch Wiebren de kâns troch te brekken nei daam. Omdat Herman doe noch in pear stekjes falle liet, goaide hy de handoek yn de ring: 0-2. Jelke de Jong spile noch tsjin nijkommer Oeds de Boer. Oeds hat jierrenlang net damme en tekenet no foar syn earste learjier en dat moat op den doer punten opsmite mar dizze jûn noch net. Mar in nij lid op de klup: dat fleuret op.

Auteur

Redactie