Fryske jongerein sit goed yn ’t fel

JOURE

Goed 9 op de 10 jongelju fan 12 oant en mei 18 jier fiele harren sûn. Dat blykt út Go Jeugd 2016, in grutskalige enkête ûnder jongfolk fan 12 oant en mei 18 jier yn Fryslân. Oan it ûndersyk hawwe goed 8.600 jongelju meidien. It ûndersyk is útfierd troch GGD Fryslân.

Ferskillen Sûnens dy’t belibbe wurdt is in wichtige faktor foar it wolwêzen. Hoe sûn jongelju harren fiele, seit in soad oer hoe lekker se yn it fel sitte. As se harren lichaamlik en geastlik sûn fiele, kinne se de útdagingen fan it libben better oan. Hawwe se te meitsjen mei psychososjale problemen, pesten, (slim) oergewicht, smoken, blowen of skoalsykte, dan fiele se harren minder sûn. Fan dy groep seit 69% oant 79% de eigen sûnens (tige) goed te finen, wylst by ôfwêzigens fan dy faktoren de persintaazjes fariearje fan 92% oant 94%. Oanknopingspunten Jongelju mear striidber meitsje en it stimulearjen fan sûn hâlden en dragen, mar ek it fersterkjen fan sosjale feardigens en omgean mei stressfolle situaasjes helpt jongelju om harren sûner te fielen. Ynzoome De resultaten fan it ûndersyk biede gemeenten de mooglikheid fierder yn te zoomen yn de eigen gemeente. Dêr kin de gemeente spesifiker belied troch opstelle om de sûnens fan syn jongerein te befoarderjen.

Auteur

Brenda van Olphen