Ingezonden brief | De flage út op 15 april

Joure

Over ingezonden stukken kan niet worden gecorrespondeerd. Zij kunnen ook niet worden teruggezonden. Anonieme inzendingen worden niet in behandeling genomen. De redactie behoudt zich te allen tijde het recht voor de stukken in te korten en houdt zich niet verantwoordelijk voor de inhoud.

De flage út op 15 april? Nee, net omdat it de oare dei Peaske is. Ek net omdat it no maitiid is. Wêrom dan wol? Omdat er doe, yn 1945, foar Fryslân in ein oan de oarloch kaam.

Wat in ferromming doe't einlings safier wie. Forjitte, nee. Betinke dan? Hoe? Goed om by stil te stean en, ek nei safolle jierren, de flage út te hingjen. Hokker flage? Sa mooglik de Fryske, mar likegoed kin it read-wyt-blau wêze. Fryslân is in weardich en folweardich diel fan Nederlân, dêrom. 15 april is yndertiid as offisjele datum foar de befrijing fan Fryslân fêststeld. Hawwe jo in flage? Stek dy dan út, om nea te ferjitten.


Auteur

Redacteur