Dammen | Mâle feiten foar Jousterdammers

DE JOUWER

Sa mienden wy dat de ploech degradearre wie en sa krigen wy it berjocht: tredde fan de seis. In Hoera stimming. Op basis fan is SB-systeem is it ek in feit want De Jouwer fersloech de kampioen Easthim en dat mei ek waardearre wurde en dat docht ek it SB-systeem.

Sa hoden wy èn Balk èn Offenwier èn Tersoal ûnder ús. Eare fan it damwurk! Alles is tydlik en sa ek dy stân… Hoewol it SB-systeem goed werjûn waard, … mocht it net tapasse wurde. Mei oare wurden: wy spilen in wedstriid fan Jan-mei-de-koarte-efternamme want ynienen telde de striid tsjin Easthim net mear mei. Trump-eftige tastannen… Werom nei de ûnderlinge kompetysje want de titelstriid wie hjir noch net beslikke. Ien potdamjen: Wiebren Couperus – Quido van Hazendonk. Quido moast winne om syn titel te hâlden. Al nei seis setten begie Wiebren eins in flater: in sjitskiif op ‘fijanlik’ gebiet. Quido besocht fansels dy frijsteande skiif te winnen en de pot damjen gie om dy skiif. Wiebren hie it dreech en Quido krige de oerhân: Wiebren yn’e hek-stelling like der ûnder te snijen en dat hie ek kind. In pear setten om in bettere posysje yn te nimmen, waard Quido needlottich. Hy krige yn trije setten fiif skiven en in dreun nei: Wiebren hast op daam en Quido gjin poat mear oan’e grûn… Ut en it kampioenskip beslikke: in feit en nei njoggen jier in nije kampioen. Einstân: J.de Jong(2); H.de Jong (4 út 8);Post (9 út 8);Boek (12);Haagsma (14); Kooistra (14); Venema (16); Van Hazendonk (20); Couperus (23).

Auteur

Brenda van Olphen