Anne Terpstra earelid Fryske Krite

DE JOUWER

It is 35 jier lyn dat Anne as spiler by de Krite kaam. Yn it novimberstik fan 1982 spile hy Paul Bratter yn it stik “Op bleate fuotten”, in blijspul fan Neil Simon. Yn de jierren dêrnei hat er yn 6 stikken spile. Mar Anne is in man mei in protte talinten, hy hat him bygelyks ek ynset foar de dekorbou. Yn 1995 is Anne yn it bestjoer fan de feriening kommen en men kin gerêst stelle dat hy in tûzenpoat is. Wat er foar de Krite al net dien en regele hat: kontakt ûnderhâlde mei Henk fan ’t Haske, boekjes rûnbringe, foarsitter fan de lêskommisje, ponghâlder doe’t dy der tydlik net wie en de lêste jierren as foarsitter regelje wat der mar regele wurde moast. Hy die dit net allinne, want sa as it meastentiids giet mei drokke frijwilligers, Anne syn frou Femia hat him altyd stipe by syn taken. En op de jûnen fan de foarstellings wie sy ek drok mei de ferkeap fan de lotten en de oanklaaïng fan de seal. Nei de lêste foarstelling fan it novimberstik hat Anne de foarsittershammer trochjûn oan syn opfolger Sjoer IJbema, mar echt ôfskie nimme docht er net. Sa’t hy sels seit: as jim my nedich ha, is in telefoantsje genôch. Bestjoer en leden fan Fryske Krite De Jouwer binne him tige tankber foar syn ynset al dy jierren en it is dan ek net mear as logysk dat Anne beneamd is ta earelid fan de feriening.


Auteur

Redacteur