‘Pleinfrees’ fan Alan Ayckbourn, yn ’t Frysk oerset troch Baukje Stavinga

JOURE

Toneelvereniging Fryske Krite De Jouwer trad afgelopen zaterdag op in 't Haske met hun voorstelling Pleinfrees. Zo'n 135 bezoekers waren komen kijken. Sieger Bijsterveld schreef een recensie.

De rezjy is yn hannen fan Tineke Nicolai. De kar foar har hat him útbetelle yn in tige goede foarstellling. Mei ‘Pleinfrees’ hawwe regisseur en spilers it harren net maklik makke. Dat jildt sawol foar it spyljen as foar de technyske easken dy’t steld wurde. Ayckbourn hat foar safolle ‘lokaasjes’ keazen, dat it toaniel fan It Haske - yn alle gefallen foar amateurbegripen dochs net sá lyts – net genôch romte hat, der is mei woekere, de spylromte is sels útwreide. De dekorbouwers ha der it nedige wurk oan hân om alles in plak te jaan. Sa as altyd ha se in tige goede prestaasje levere. Wat se úteinlik delset ha, past hiel goed by de ferfrjemding dy’t it hiele stik kenmerket. In bysûnder komplimint fertsjinje de mannen fan it ljocht. Wat ha se wat dwaan moatten om elke ‘lokaasje’ foldwaande ljocht te jaan en dan ek noch op it krekte momint. Wa’t fan it stik genietsje wol, moat goed foar eagen hâlde dat Ayckbourn him útlibbe hat yn it tema iensumens. Seis figueren moetsje inoar no en dan ‘fysyk’, mar libje ‘geastlik’ yn in heech tempo oan inoar foarby. Alle personaazjes wurde, hoe’t se ek wêze meie, mei leafde tekene en gelokkich soargje de humoristyske, puntige teksten foar de nedige fleur. De taskôger dy’t in maklik ferhaal ferwachtet wurdt teloarsteld, hy sil op syn iepenst wêze moatte om te folgjen wat de skriuwer fertelle wol. Der wurdt in protte frege fan it foarstellingsvermogen, mar wa’t hâldt fan toaniel mei mear ynhâld as in ‘dijenkletser’ sil folop genietsje. Dat kin noch op freed 17 en sneon 18 maart, yn ’t Haske, om 20.00 oere. Sieger Bijsterveld

Auteur

Redactie