Dammen | Dam-fjouwer fan De Jouwer ûnderút

DE JOUWER

 Koe De Jouwer it okkerdeis net bolwurkje tsjin Offenwier yn de klupkompetysje, sa koe in fjouwertal it ek net bolwurkje tsjin fjouwer fan Offenwier.

Doe gie De Jouwer mei 5-3 kopke ûnder as wy it weromrekkenje nei in fjouwertal. It gie no noch mâler. Henk Haagsma oan boerd 3 mocht wer tsjin Heddy Andringa; de eardere 1-1 waard nei in lykop geande striid yn it einspul beslist yn it neidiel fan Henk. Syn acht skiven wiene folslein yn de macht fan de acht fan Andringa en dy koe de earste winst foar Offenwier opstrike. Dan wurdt it in poepetoer om de winst op’e Jouwer te hâlden. Quido van Hazendonk oan boerd 1 wer tsjin Sjoerd Huitema. Ek hjir: de eardere 2-0 foar Sjoerd waard net ombûchd nei 2-0 foar Quido. Hy die noch tige syn bêst om Sjoerd te ferraskjen mar in lytse misrekken en Sjoerd siet op roazen en sa stie der 0-4 op it skoareboerd. Op de twa oare boerden gie de striid tusken Jan Kooistra tsjin Hinne Boschma en tusken Wiebren Couperus en Willem Twynstra. Jan siet earst wat dreger en hood minder tiid oer. Omdat dizze saneamde bekerwedstriden heechút yn elk oardel oere út wêze moatte, telt de klok wat mear mei. Jan koe dat glêd strike en in lykweardich ‘kamp’ te boek sette litte ( 1-5). Wiebren moast wer tsjin Willem. Earder dizze winter waard dat in 1-1 en no kaam datselde risseltaat der wer te stean nei in moaie en lykweardige pot damjen. Offenwier luts sa mei 2-6 oan it langste ein en waard op’e nij bekerwinner foar fjouwertallen yn it SWHbûn.

Auteur

Redactie