'Muoike Ada út Nevada' grut sukses by 'Nut & Nocht'

SKARSTERBR

ÊGE - Ôfrûne wiekein spile 'Nut & Nocht' it stik 'Mouike Ada út Nevada' in komeedzje yn trije bedriuwen fan Ulla Kling, yn it Frysk bewurke troch Alle Geart Hof.

De spilers ha harren doarpsgenôten wer op in moai stik traktearje kinnen. Nei ôfrin wie er noch in ferlotting mei moaie prizen. Ek waarden de nije spilers, Tessa van Aalderen en Riemer Oosterman, en âldspiler Theun Kaastra tige tanke foar harren inset. Rolferdieling: Lamkje – Froukje Braaksma, Ada – Brecht Klijnstra, Peter – Roelof Klos, Thomas – Benny de Leeuw, Sus – Kim van Aalderen, Maikel – Theun Kaastra,  Flapper – Riemer Oosterman, Taksysjauffeuse – Tessa van Aalderen, Rezjy – Benny Mulder, Ynstekers – Dora Wijnja en Sonja Kuipers, Grime – Jolanda van der Wal en Elena de Boer, Dekor – Bouke Agricola Lamkje en Ada, twa wat karakters en wat uterlik oangiet hiel ferskate twillingsuskes. Se hawwe inoar yn 25 jier net sjoen. Ada is 25 jier lyn mei in hiel minsklik ûngemakje ôfreizge nei Amearika, mar ynienen stiet se mei har hiele ynventaris by Lamkje op'e stoepe, foar in koarte fakânsje mei men oannimme, mar it docht bliken, dat se foar altyd bliuwe wol yn har âlderlik hûs, spitigernôch, want Ada past net mear yn it feilige mar lytsboargerlike fermidden. In geitebok sneuvelet troch har colt en in fuotbalfjild wurdt troch har omploege. Koartwei sein de wrâld wurdt yn it doarpke op'e kop set troch har. Elkenien wol har de doar útsjen en dat slagget úteinlik ek wol. Mar Lamkje moat earst al in offer bringe, in moai offer meie wy wol sizze, like moai as dizze sjarmante komeedzje.  

Auteur

Redactie