Damnijs fan it Syl-front

DE JOUWER

en sereuze pot damjen en it oare nijs is fan algemiene wearde. De kompetysje siket om it lêste en dat is dus krûmelfeien: amper wurk foar de kompetysjelieder Jelke de Jong.

Syn wurk bestie ferline wike foar it dreechste part út de pot damjen tsjin Wiebren Couperus. It gie Jelke yn it begjin net sa min ôf: moai lyk-op mei de klok en de houten . Elk noch trettjin skiven op it boerd. Gjin ûngeloksgetal mar dochs. Jelke begie in fikse misser. Sûnder de klap ôftewachtsjen, struts hy de flage fan it damskip. Wiebren de winst en hy komt op kop fan de ranglist mei 11-19. Omdat de wedstriden fan Herman de Jong út de twadde omloop komme te ferfallen, sjocht de sportljedder der in bytsje oars út. Twads op dit stuit Quido van Hazendonk mei 12-18. Dan Ultsje Venema 12-15 en Henk Haagsma 14-14; Jan Kooistra 13-13; útspile binne: Atte Boek 14-12 en Bonne Post 8-9 en Herman de Jong 8-4 en Jelke de Jong 14-2. De toptrije moat noch ien kear tsjin elkoar: it kampioenskip is noch net beslikke. Jan Kooistra moat noch tsjin de koprinner fan no en hy hat dus ek noch wat yn de molke te brokkeljen.


Auteur

admin