Verkiezingen | FNP

Joure

Het is nog maar enkele weken tot de landelijke verkiezingen. De politieke partijen hebben hun verkiezingsprogramma’s klaar. Maar veel kiezers zien door de bomen het bos niet meer. En wat heeft iemand uit De Fryske Marren voor belang bij de politiek in Den Haag?

Oer 5 wiken meie wy nei de stimbus foar de Twadde Keamerferkiezing. Der binne ferskate, wichtige lanlike ûnderwerpen, dy’t ek provinsjaal of gemeentlike konsekwinsjes ha. Bygelyks de gas- en sâltwinning. Neist dat it in soad jild yn it laadsje bringt, smyt it ek in soad problemen op. Sjoch mar nei Grinslân. As jo nei de listlûkersdebatten sjogge fan lanlike kopstikken dan liket it krekt as is it in eksklusyf Grinzer probleem. Mar ek yn Fryslân is grutte ûnrêst oer boaiemdelgong en skea troch gas- en saltwinning. Dêrom seit de FNP dat de omkearde bewiislêst foar minsken mei skea foar hiel Nederlân jilde moat en net allinnich foar inkelde Grinzer ierdbevingsgemeenten. Us gemeenten en de Provinsje hawwe útsprutsen dat se der leafst hielendal fan ôf wolle. In nij kabinet soe neitinke moatte wat se wolle mei de lytse fjilden, mar dan moatte jo tagelyk wol in belied hawwe om lokaal skjinne enerzjy op te wekken. De oergong op nije techniken om it enerzjyferbrûk te minderjen smyt boppedat in soad lokale wurkgelegenheid op en de winsten bliuwe yn eigen regio. Dan de lânbou. Lege molkeprizen, Europeeske fosfaatregels en tanimmende regeldruk soargje foar drege tiden. Dêrnjonken wurdt in protte frege fan boeren: mear each foar bioferskaat, bistewolwêzen en it lânskip. Sis mar in natuerynklusive lânbou, nije ‘verdienmodellen’ mei hegere prizen foar greidefûgelfreonlike en streekprodukten. Dizze ûntwikkelrjochting betsjut in oare koers. Mar as it krekt sa innovatyf dien wurdt, bliuwt Nederlân foarop rinnen yn lânbouwûntwikkeling. De FNP stipet dit fan herten, mar der moat stipe fan Den Haag komme. In eigen ministearje is dan wol it minste wat dizze sektor fertsjinnet.

Auteur

Brenda van Olphen