Hurde feiten Jousterdammers

DE JOUWER

Belies jaan: degradaasje in feit want de konkurrenten yn it SWH-bûn spilen tsjinelkoar en dat wiene Balk en Offenwier. Fanwege de 10-10 útslach sil De Jouwer op damgebiet takomme jier in klasse leger spylje moatte: gjin ûntkommen mear oan.

Mear heuchlike feiten út de ûnderlinge kompetysje: Jan Kooistra spile tsjin Ultsje Venema in stevige pot damjen. Beide woene gjin belies jaan mar ek net oan de spanning tenûnder gean. Frede yn it earste oere: 1-1. Atte Boek tsjin Jelke de Jong: lang gie it lykop mei troch it feit dat Atte alle fiif op in rychje hie. Hy liet de basisline-skiven stean en kaam sa net folle fierder op it boerd. Lang-om- let kamen de efterste fiif skiven wol los en sa kaam Jelke yn de knipe. Hy moast in skiif ynleverje en letter op de jûn de beide punten: 2-0. Atte is no útspile: 15-14 en wachtet de konkurrinten op. Wiebren Couperus tsjin Henk Haagsma: koartlyn hie Henk kamp makke tsjin Van Hazendonk dus hy hie doe gjin heal wurk levere. Tsjin Wiebren gie it lang goed oant elk noch tsien skiven. By it slaan fan in skiif fan Wiebren keas Henk de ferkearde rjochting: dat wat der efteroan kaam wie him folslein ûntgien. Yn ien klap Wiebren op daam en in skiif mear. It pleit besljochte: 2-0. Henk moat noch ien kear yn’t spier: tsjin Herman de Jong mar dy moat earste opkalefaterje ( betterskip ). Jan Kooistra en Henk Haagsma steane no beide op 14-14.

Auteur

Brenda van Olphen