Eigen Folk spile In noflike fakânsje

DE JOUWER

De Jouster toanielgroep Eigen Folk spile op 11 februari foar in folle seal ’t Frysktalige blijspul: In noflike fakânsje!

Under lieding fan regisseur Johan Platte. It jonge stel Els (Annemieke Poiesz) en Ron (Remco Ploegstra) meie gebruk meitsje fan it fakânsje hûs fan de alders fan freondinne fan Els, Susan (Gea Miedema). Trije wiken gjin telfoan, radio en alhieldal gjin skoanâlden! En wa stappe der nei twa oeren nei binnen? Mem (Sjoerdsje Miedema) en Heit (Heiko Ploegstra). Se ha ek neef Alex (Wigle van Veen) mei naam, kin der lekker studearje. Mar spitich genoch moat der een skuorke bouwd wurde troch Cristo (Jaap Jager). Dan komt ek noch een help in de hushalding frou Yfke (Jose van Zutphen) die foar alles soargje sil. En allegearre ek noch sliepe in it fakânsje hûs. Alle spilers sieten sterk yn har rol, der sieten typyske karakters bei.


Auteur

Redacteur