Damkompetysjespanning rint op

DE JOUWER

Wintersport en gryp makken dat der in meager programma wie by de Jousterdammers. Mar wol risseltaten dy’t de spanning opfierden yn de oanrin nei de lêste rûchwei trije wedstriden.

Yn in lyts oerke kamen Ultsje Venema en Henk Haagsma in kamp oerien: in gesellich potsje damjen en in dito praatsje der by oer Sleat en wide omkriten: 1-1. Mear striid op it boerd by Quido van Hazendonk tsjin Jan Kooistra. Jan kin der bytiden wat fan en Quido moast alle seilen bysetten om Jan der ûnder te krijen. In ferkeade ôfruil levere Jan in skiif minder op en pas yn it lette einspul koe Quido trochdrukke en winst opstrike. Doe sieten Wiebren Coupoerus en Atte Boek noch te stinnen: net te hurd mar beide de broek wol fol fan de wjerstân. In trije-om- trije levere in ‘tin’ fjild op foar it einspul mei in protte tempi-foardiel foar Wiebren. Mei dêrtroch stie Atte ûnder druk en kaam oan leger wâl en rûn lek: 2-0. Tuskenstân op dit stuit: Van Hazendonk 12-18; Couperus 10-16; Venema 12-15; Haagsma 13- 14; Kooistra 14-13; Boek 12-12; Post 8-9 ( heale kompetysje ); Herman de Jong 12-7; Jelke de Jong 12-2; Sietze de Jong 0-0 ( bûtenspul). Fan dit rychje lykje de twa earstneamden kampioenskandidaten. Alle oaren sille harren hanthavenje kinne want ‘’ wy litte net ien sakje’’.

Auteur

Brenda van Olphen