Westermar spilet ‘Brún Kafee Dûbel D’

DE JOUWER

Op 3 en 4 febrewaris 2017 spile buertferiening Westermar ‘Brún Kafee Dûbel D’. It is in blijspul fan Evelien Evers en yn it Frysk bewurke troch Roel Klijnstra.

It stik spilet him ôf yn it kafee dûbel D. De namme dûbel D blykt foar Dieuwke (Jannie Post) en Durkje (Japke van der Meer) te stean, twa susters die de lieding ha oer it brún kafee. Japke en Jannie (Dûbel J) sitte sterk yn harren rol en binne tige goed op inoar ynspile. It kafee is tige prachtich neibout, hulde foar Paul IJsselmuiden en syn bouploech.

De besikers fan it kafee binne stik foar stik typyske karakters. Sa is Evert-Jan in feste klant dy’t altiten in slokje tefolle op hat. De ûnfersoarge Evert-Jan wurdt spile troch Roel ten Hoeve dy’t him wer tige útlibje kin yn dizze rol. Syn frou Sytske, in kenau mei in lyts hertsje, hat in deitaak om him út it kafee te hâlden. De rol fan Sytske wurdt spile troch Hinke Kuiper, wat spilet se dit goed. As se it kafee wer ris yn daverjen komt, op syk nei Evert-Jan, witte jo net wat jo oerkomt... In stim as in doarsomropper en in foarkommen as in boufakker. Hulde foar de grime. Gjin wûnder da’t Evert-Jan der geregeld útnaait! Harm, in stoere motorrider, is ek in geregelde klant in opskepper as gjin oar. Hy belibbet alles krekt in slagje mear as in oar. Nanne de Jong set dizze rol oertsjûgjend del. In oare typyske klant is Bearn, hy is sa sunich, bei him giet neat oerboard en is altiten út op in konsumpsje fan in oar of as der it rêde kin sûnder te beteljen fuort te gean. ‘Bear Deun’ wurdt troch Rinke Koopmans tige natuergetrou delsetten.

In gefal apart is stamgast Rein, syn kredo is ‘ik krij gjin gelyk, ik haw it al’. Syn gesicht is altiten yn’e ploai en emoasje kin er net en hy praat ek tige nasaal. Hy rint altiten mei de hannen yn’e bûsen, wat in oare klant de oanmerking ûntlokket as der soms emigrearje sil, want syn hannen binne al ynpakt. Harm Jan Muurling moat hjir in type spylje dy’t dwers tsjin syn aard yn giet. Hy docht dit lykwols geweldich goed, regisseur Sybren Sigtema hat hjir grif ek in grut oandiel yn hân. Dan komme der neie gasten yn it kafee, Kees (Theo Nijholt) en syn frou Hinke (Gelbrich Kuiper) en Minke (Moniek Holtrop) in freondinne fan Hinke. Se hawwe in boerderij kocht yn it doarp dy’t ferbout wurde moat. It binne echt stedsminsken dy’t wol efkes wenne moaten oan dizze doarpstypes. Theo, Gelbrich en Moniek slagje der tige goed yn dizze stedsjers del te setten. ‘Bearn Deun’ wit se natuerlik wer safier te krijen dat se it hiele kafee op in fergeze konsumpsje traktearje. Allinne duorret it him te lang, want hy moat fuort, derom freget er Dieuwke mar om it jild foar de fergeze konsumpsje...!

It kafee smyt net genoch jild mear op, de susters beslúte it kafee dan ek mar te ferkeapjen. Se prate hjir oer mei Minke en it docht bliken dat sy keunstenares is en geregeld workshops jout. Sy wol gebrûk meitsje fan de seal fan it kaffee en kursisten kinne dan ek ite yn it kafee. Dit klinkt de suster as muzyk yn de earen. It kafee moat dan wol wat oanpast wurde. No moate se allinne noch in jildsjitter sjen te finen en Minke wit ried. As keunstenares jout se ek workshops ‘ko knuffeljen’. Se wit mei har froulike sjarmes dy sunige ‘Bearn Deun’, dy’t boer is, sels safier te krijen da’t er de susters jild liene wol foar de ferbouw it kafee. Sa eindigt it dôchs noch goed. In besûndere rol is der foar it hûntsje Finny, dy’t yn it hiele stik net ien kear blaft hat. In geweldich stik ûnder rezjy fan Sybren Sigtema. In wurd fan tank ek foar de ynsteksters en it ljocht en lûd.

Piebe van den Berg


Auteur

Redacteur