Dammen | Jousterdammers bekerje fierder

DE JOUWER

Fjouwer man op 31 jannewaris nei Tersoal foar de bekerkompetysje. Tersoal, de kampioenklupkompetysje, hat syn draai noch net dit jier mar ek foar De Jouwer jildt datselde.

De boppeste trije spilen ek yn novimber al tsjinelkoar: doe 5-3 foar de Jousters. No nije kansen en oare risseltaten. It gie sa: Henk Haagsma hie in drege stelling mar wol dúdlik tiidfoardiel tsjin Anne Hoekstra. Sûnder de klappen ôf te wachtsjen kamen de mannen in ‘kamp’ oerien. Doe, oan boerd ien, siet Quido van Hazendonk al yn de penaarje: in heks-telling en der kaam in spûk efteroan. Lolke Huitema koe in skiif winne en makke der gjin heal wurk fan: hy beide punten ( 3-1 ). Doe koene de Jousters noch mar ien ding om fierder te kommen want 4-4 leveret Tersoal pleatsing foar de finale op fanwege winst oan it hegere boerd. Jan Kooistra tsjin Wypke Wouda: Jan gie dreech út de startblokken en ynfestearre tiid mar krige dat letter wol goed útbetelle. Wouda kaam yn tiidkrapte en hie ek noch minder skiven. Jan pakte de winst en sa 3-3. Wiebren Couperus tsjin Jacob Buma: hast tagelyk mei Jan tsjin Wypke giene sy oer de einstreep. In twa-om- twa fan Jacob pakte ferkeard út foar himsels en Wiebren koe trochbrekke nei daam. In hoeden einspul – net fergaloppearje en winst sitte litte – levere Wiebren winst en sa de klup in 3-5 einútslach. De finale sil tsjin Easthim of Offenwier wêze yn febrewaris yn ’t Syl, as’t heal kin.

Auteur

Brenda van Olphen