‘De erfenis fan muoike Bella’ yn Haskerhoarne

HASKERHOARNE

De beide toanieljûnen fan toanielferiening ‘De trije botsense hoanne’ fan Haskerhoarne, ôfrûne tongersdei en freed, wiene wer in grut sukses.

De spilers setten it stik ‘De erfenis fan muoike Bella’ op de planken, in klucht skreaun troch Henk Roede, oersetten yn it Frysk troch Gurbe Dijkstra. De muoike fan Berend (Joast Zonneveld) en Albert Duursma (Fonger Altenburg) is ferstoarn. No hawwe de beide broers hjir net folle fertriet fan, want in bân mei muoike Bella hiene se net echt. Sterker noch, eins binne se suver wol bliid, want no kinne se de wat yn ferfal rekke beautysalon erve. Berend is der wis fan, dat se mei in kwast ferve en in lytse ferbouwing dizze salon dêrnei foar in protte jild ferkeapje kinne. De salon moat wilens wol troch draaie, om de klanten te behâlden. No ja, dêr is persoaniel foar, dochs? No, mear persoaniel as stazjêre Suzan Beenstra (prima debútrol fan Nienke Minnesma) blykt der net te wêzen en dat wylst der al gau klanten komme, dy’t net allegearre like maklik binne.

Sa is dêr mefrou van Dreuten (Tineke Bos), in kakmadam, dy’t har graach yn de watten lizze lit, Neeltsje Bakker (Minke van der Veen), in âlde, seurderige frijfaam en Greet Ruiters (Hennie de Jong), in húsfrou mei de nedige winsken . Dora Veendijk (Betty Jonkman) is wol hiel optein dat der no mannen yn de salon oan it wurk binne en lit dat ek fuortendalik blike. De beide broers slane harren der mei help fan Suzan knap trochhinne. Sels as neef Wybe Dykstra (Nico de Lange) út Kanada op it aljemint komt en notaris Bea Nikkelvest (Hennie de Jong) har meldt, lykje se harren der út rêde te kinnen. Dochs rint it allegearre krekt wat oars ôf, as dat se tocht hiene, mar elkenien kin dêr wol tefreden mei wêze. No ja, hast elkenien. It dekor waard makke troch de fêste dekorbouploech. Jenny van der Werf hie de regy en fersoarge mei Cisca Nijholt de grime. Wouter Schaap en Germ van der Weg diene it ljocht/lûd en ynstekster wie Anneke Boersma.

Beide jûnen siet der in moai protte folk yn de seal; de tongersdeis waard der noch in skoft gesellich neisitten en de freeds koe der dûnse wurde op de muzyk fan ‘I.K.E.A’.


Auteur

Redacteur