Degradaasjespûk by Jousterdammers

DE JOUWER

Mei noch ien kear yn de striid te moatten yn it SWHbûn sit dat spûk de dammers op’e hakken want de Jousterdammers giene op’e nij kopke ûnder tsjin Nije mardum.

Sa troch it iis te sakjen hat fansels syn gefolgen want fan de seis klups sille der twa nei ûnderen gean en as de wyn net gau draait, sit De Jouwer by dy twa klups… Hoe kin dit sa mâl? Ien fan de oarsaken is it feit dat Sietze de Jong as suptopper dit jier oan de kant sit en de oaren dat lege boerd opfolje moatte. Dat kostet de klup boerdpunten en wedstriidpunten. De Jouwer skoarde sa: Ultsje Venema koe P.Akkerman yn betwang hâlde (1-1). Atte Boek stie in skiif efter tsjin E.Reinsma en fiske letter efter it net (1-3). Jan Kooistra gie lyk-op yn de striid tsjin L.Hoogkamp (2-4). Herman de Jong tsjin G.Otter stie ek in skiif efter mar hood goed stân: kamp en sa 3-5. Bonne Post kaam fuortendaliks nei de iepening yn problemen tsjin A.Batteram en lettter kopke ûnder (3-7). As ienichste kaam Quido van Hazendonk ta WINST tsjin Joh. f.d. Goot (5-7). Henk Haagsma hie klauwen tsjin G.Baukema mar koe him hanthavenje (6-8). Jelke de Jong tsjin B.Pietersma waard ek kamp (7-9) en as lêste kaam Wiebren Couperus oer de streep: lang gie it lyk-op mar it einspul glied him troch de fingers en de 7-11 útslach stie der. Noch ien drege striid wachtet tsjin Easthim en dan kin De Jouwer takomme jier mooglik kampioen wurde yn de legere klasse.

Auteur

Brenda van Olphen