Dreech begjin Jouster dammers

DE JOUWER

Dreech: dan keallet it swier, de loft is swier en de wyn sit tsjin en is op: it liket of wie der gjin damjen mar dat wie der wol. It duorre wat langer eart dat it deiljocht ferdrage koe.

Fan 3 jannewaris de útslaggen as earste: Bonne Post giet it skip yn tsjin Henk Haagsma. Herman de Jong bewurket in lykspul tsjin Ultsje Venema. Atte Boek hâld stân tsjin Quido van Hazendonk en dat wie de grutste ferrasking fan dit nije jier. Jelke de Jong moast belies jaan tsjin Jan Kooistra: 0-2. Dan springe wy oer nei de striid tsjin Offenwier: Bonne Post regelet it earste punt tsjin Hinne Boschma. In wier lykspulfirus hearske der yn Offenwier: Ultsje Venema tsjin Oeds Broersma (2-2 ). Doe Atte Boek tsjin Gepke Koopman (3-3) mar Atte liet winst sitte; hy hie better útsjen moatten want in feilige daam foar moat winst opleverje kinne. Jelke de Jong tsjin Rients Huitema (4-4) en Jan Kooistra tsjin Rinze de Jager (5-5). Doe kaam der in kink yn de damkabel want Quido van Hazendonk krige in daam tsjin en moast letter de flage strike. Minneboel en efter mei 7-5. Herman de Jong - tsjin Jelle P.Tjalma - stie in skiif efter mar hood stân: 8-6 foar Offenwier. Henk Haagsma tsjin Heddy Andringa koe ek net potten brekke: kamp en 9-7. Wiebren Couperus tsjin Willem Twijnstra in lange striid yn de hope der dochs noch in 9-9 risseltaat del sette te kinnen mar dat kaam der nei 4 oeren damjen net mear út. It skip en de autoos yn mei de 10-8 útslach. It libben giet troch en damjen ek: yn ’t Syl de tried wer oppakke. Jan Kooistra tsjin Bonne Post: Bonne koe Jan by de poat pakke en Jan stroffele oer in stien en doe wie dat spultsje dien. Ultsje Venema tsjin Atte Boek: Atte mitsele in ‘muorre’ op de daamline en Ultsje hie gjin sin oan in stoarmloop om de muorre ôf te brekken: 1-1. Quido van Hazendonk tsjin Henk Haagsma: lyk-op-geand mar Henks klok gie foarút en dat levere him in bytsje foardiel op mar net genôch foar winst. Gjin winst wie der ek foar Herman de Jong tsjin Wiebren Couperus: goed útsjen foar klemmen en fallen fjouwer oeren lang en 1-1. Op 24 jannewaris: De Jouwer tsjin Nijmardum yn’t Syl. Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen