Haskerhoarne spilet 'De erfenis fan muoike Bella'

Haskerhorne

 De spilers en spylsters fan toanielferiening 'De trije botsense hoanne' út Haskerhoarne binne al sûnt begjin oktober oan it rippetearen om 26 en 27 jannewaris klear te wêzen foar de jierlikse toanielútfieringen.

Dit jier spylje se it stik 'De erfenis fan muoike Bella', in klucht fan Henk Roede, oersetten yn it Frysk troch Gurbe Dijkstra. It is in flotte klucht mei in soad humor.  Albert en Berend erve in wat yn ferfal rekke beauty salon. Se sille him opknappe en dan foar in protte jild ferkeapje. De salon moat eins tidens de ferbouwing wol troch draaie. Mar is dêrfoar wol persoaniel? En binne se eins wol de iennige erfgenamen? En de klanten binne ek net de makliksten docht bliken. Al mei al genôch problemen om op te lossen. Hoe’t se dat dogge en hoe’t it ôrint? Dat is te sjen op tongersdei 26 en freed 27 jannewaris yn it doarpshûs 'it Trefpunt' yn Haskerhoarne. Beide jûnen begjint it om 20.00 oere, de tongersdeis kin der nei de tiid gesellich neisitten wurde ûnder it genot fan in drankje, de freeds kinne de fuotten fan de flier op de muzyk fan 'I.K.E.A.'

Auteur

Cindy Houwen