RECENSIE | Waarrme winterwille by Nijjiersrevu

JOURE

Durk Visser, oud-journalist, was zaterdag aanwezig bij de Nijjiersrevu Fjoer en Flam in ’t Haske. Hij schreef er een recensie over. De Nijjiersrevu is ook zaterdag en zondag nog te zien.

Hieronder de tekst. As jo de tekstskriuwers en oare betinkers fan de Jouster Nijjiersrevu mei it tema ,,fjoer en flam” boartsje litte moatte jo as publyk net ferbaasd opsjen as der hiel wat baarnt, lôget, mar ek ferwaarmet op it toaniel fan 't Haske. Fansels is it net in poepetoer wat dingen te betinken, mar wat se der dan fierders wer foar in draai oan jouwe, is eltse scene wer in ferrassing. In publyk is al gleonhastich, want de premjère sit fol! Tidens in fikse rige sketskes, sankjes mei muzyk en show wurde jo meisleept. As sitte jo yn in trein dy't fiks opstookt wurdt, in revutrein dan, in showtrein. Jo dinderje fan it iene waarme ûnderwerp nei it oare en soms liket it fan alle kanten te kommen. Ja wat kin der bygelyks allegearre net oanbaarnd wêze yn it minslik libben? Wêr krije jo it waarm fan? Hoe lang of koart binne ús lontsjes? De fantasije yn dizze revu is wer as in rinnend fjoerke, dat echt alle kanten opgean kin en werkenbere dingen fan alledei soms ta yn it absurde sjen lit. Fansels is der wer de langer wol fertroude mallichheid, mar samar komt der dan in serieuze saak, want ja, wy stekke ek kerskes oan... en ...fakkels. De klam leit lykwols foaral op hertferwaarmjende dingen, want yn dizze tsjustere tiid fan it jier hat in mins ekstra ferlet fan wille en...leafde. Dat jildt foar alle leeftiden, dy't dan ek del komme, al soe'k net graach ta de babyboomers hearre wolle yn de fisy fan de nijiersploech, hoewol hjir ek al wer in aparte útsûndering op komt. It probleem is dat ik sa folle fertelle wol en dochs neat ferklappe, om gjin ,,spoiler” te wêzen (Frysk wurd foar?), mar nim fan my oan dat Pyro's raar guod is en dat jo ekstra foarsichtich fakânsjes boeke moatte. Ek moat ús leave Fryske Marren op har tellen passe. De brânwacht is net altyd wat jo tinke dat it is en foar de himel moatte jo nei in ferneamde ekposysje. Spilers èn spilers (de fantastyske boartlike muzyk), treflik jong talint njonken de feteranen, dekor en attributeslepers, alles beweegt soepel en knap ,,,choreografearre” oer it toaniel, ek al liket de chaos soms folslein. En alles yn eachstrieljende kleuren wêr't wy it waarm fan krije. De Jouster Nijjiersrevu is in echte Feniks, komt eltse kear wer ta libben en hoe! Sjen dus en dat kin noch trije kear: freed 13 jannewaris om 20.00 oere en sneon 14 jannewaris om 14.30 en 20.00 oere. In waarm fest hoecht net mei.

Auteur

Jitze Hooghiemstra