Agenda | Nijjiersrevu de Jouwer Fjoer en Flam

DE JOUWER

De minsken fan Stichting Nijjiersrevu de Jouwer steane fan ôf ein augustus alwer yn fjoer en flam.

Sûn’t dy tiid binne hja alwer oan it repetearjen foar de 31e Nijjiersrevu. Al binne de skriuwers, regisseur Aukje Steeman en muzikaal lieder Leon Smits fansels al folle langer yn it spier. De revu is op ‘e Jouwer net mear fuort te tinken. Dêr hawwe de meiwurkers de lêste jierren wol foar soarge. Frjemde fûgels, In wiete boel, Ut en thús wiene de foarige reade triedden, wêr’t dit stel minsken harren foarstellingen oan ophongen. 2017 start op ‘e Jouwer mei Fjoer en flam. In hyt tema? Jawis! Fjoer en flam, wêr tinke we dan oan? Brân, leafde, houtkachels, kearskes, waarmte, passy... en gean sa mar troch. Tal fan boppesteande wurden sille jo yndied tsjinkomme as jo de revu besykje. Mar ek út minder foar de hân lizzende hoeke, komme der fjurrige saken oan ‘e oarder. De soarch, stille tochten, keunst en tal fan oare publike ûnderwurpen komme foarby. Fansels lizze hja de gemeente it fjoer ek wer nei oan de skynbonken. Want besikers fan de revu ha oanjûn dat sy it tige wurdearje as de aktualiteit en bekende Jousters ek it poadium berikke. En foar it publyk dogge hja it fansels. Sawol op it mêd fan sketskes spylje as op muzikaal gebiet ha se it by de revu tige goed foar inoar. Leon makket it de sjongers en sjongeressen beslist net maklik en freget fan harren mearstimmich te sjongen (en dat betsjut meastentiids mear as 2 stimmen...). De revu-band is op ‘e nij útwreide mei noch mear nije ynstruminten. Lokkich binne de jongelju die’t de lêste jierren besmet binne mei it revu- firus noch net genêzen. Sterker noch, se binne fjurriger as ea mei dizze revu oan ‘e gong! Ferline jier makke it dekôr djippe yndruk op elkenien. Wat seagen de húskes fan de Jouster hoareka der prachtich út. Dat smakket fansels nei mear... Djip respekt foar de minsken fan de dekôrploech fan Nijjiersrevu de Jouwer. Ek dizze kear leverje se wêr skitterjende keunstwurken ôf, die’t dizze revu absolút ta goede komme. Yn de kâlde jannewarismoanne is dochs elkenien op siik nei wat waarmte? Sykje dizze waarmte by de Nijjiersrevu en lit jimme in jûn (as middei) yn fjoer en flam sette. De foarstellingen binne op sneon 7 (20.00 oere), freed 13 (20.00 oere) en sneon 14 jannewaris (14.30 en 20.00 oere) yn Party- en Zalencentrum’t Haske. Kaarten kostje € 10,00 (jûns) of € 7,50 (middeis) en binne te keap op de webside: www.revudejouwer.nl en by Tabalkspeciaalzaak J.R. van Delden, Midstrjitte 63 op ‘e Jouwer. By alle foarstellingen is der in lotterij mei hert ferwaarmjende prizen en nei ôfrin is der live muzyk. Besykje en folgje ek de Facebookpagina fan Revu de Jouwer.

Auteur

Brenda van Olphen