Dammen | Berkerstuntelich fertoan De Jouwer

DE JOUWER

Twa klassen ferskil yn it SWH-bûn tusken De Jouwer en Aldemardum: om dan mei in fjouwertal fan Aldemardum te winnen, soe gjin poepetoer wêze moatte.

Fansels treffe net de fjouwer minste spilers elkoar. Foar de Jousters de fraach: hoe sterk binne de fjouwer fan Aldemardum? De earste útslach wie geunstich foar De Jouwer want Henk Haagsma hie net altefolle wurk om te winnen fan Johan den Hengst: de âld-ynwenner fan Leiden siet gau yn lêst en koe de problemen damtechnysk net de baas. De 0-2 like fierder útboud te wurden nei 0-4 want Quido van Hazendonk kaam in skiif foar en like streekrjocht ôf te gean op winst. Mar efkes de kop der net by en Jacob Folkertsma levere twa skiven yn en pakte trije werom: alles yn balâns en in lykspul kaam op it skoareboerd. De 1-3 like net lang stân hâlde te kinnen: Jan Kooistra tsjin Jan Kuiper stie in skiif efter en der hongen noch swarte wolken boppe ús Jan syn swarte skiven. Driigjend ferlies waard werklichheid en dan stiet der 3-3. By 4-4 as risseltaat giet Aldemardum troch en fisket De Jouwer efter it net. Wiebren Couperus tsjin Age Smink: in fiif tsjin fiif einspul. As ferrasking offeret Age in skiif yn de wittenskip dat der dan mear romte komt op it boerd. Dat is fansels ek sa mar hy krige minder romte as hy ferwachte. Nei noch trije setten sette hy der in punt efter: gjin romte om fierder te spyljen. Sa dochs noch in flot ein oan dizze bekerstriid: 3-5 foar in net-al- te-bêst fertoan fan de Jousterdammers.

Auteur

Brenda van Olphen