De Jouwer wachtet op bekerstriid

DE JOUWER

Dy fjouwertallebekerstriid tsjin Aldemardum wie dan 13 desimber mar earst de jongste kompetysjestriid. Atte Boek mocht tsjin Herman de Jong: in echte Atte-opstelling op it boerd want de ûnderste line bleau hast hielendal beset en dan kriget de oare spiler de romte op it damboerd.

Sûnder risiko is dat net hielendal en dat hat Herman murken: Atte kaam him oer’t mat en Herman gie plat: 2-0. Jan Kooistra tjin Henk Haagsma: Jan dammet dit jier as fanâlds en hat noch mar ien kear belies jaan moatten wylst Henk noch mar kien kear ‘it swiet’ preaun hat. Wat kaam der út de bus? Henk wûn net en Jan ferlear net mar dat wol nei in moaie pot damjen. Ultsje Venema tsjin Jelke de Jong: op papier soe dat in makje wurde moatte foar Ultsje mar Jelke liet him net beynfloedzje troch papier. Nei in lange pot damjen: beide hearen in daam op it boerd mar Ultsje in skiif mear en mear as oanfaller. De jierrenlange damkarjêre fan Venema jûch de trochslach en boppedat: Jelke moast de oare moarns melke, dat hy woe der ek gjin nachtwurk fan meitsje: 2-0 foar Ultsje. Boppeneamde spilers seagen ûndertusken nei de topper Quido van Hazendonk tsjin Wiebren Couperus: in mear oanfallende Quido koe net altyd oanfalle want Wiebren rôp him dan in ‘ho en net fierder’ ta. Lykwicht bleau der hiel lang mar by seis-tsjin- seis miste Quido de sterkste set mar wa as ‘oanfaller’ ferwachtet dat in ruil nei efteren de sterkste set wêze kin? It spul draaide út op 1-1 doe’t nei in oanfallende aksje fan Quido der amper mear hout op it boerd stie.

Auteur

Brenda van Olphen