Dammen | Sint stint, mar ien wint

DE JOUWER

Dat giet oer damjen hiene jo al begrepen. Mar wa wint nei al dat gestin?

Wa hat dat net foarelkoar krije kind? Op folchoarde: Bonne Post tsjin Ultsje Venema: in wike werom hellen sy beide gjin punt want Ultsje spile net en Bonne ferlear. Beide diene sy it dizze kear better en dat betsjut as fansels dat der gjin winner wie. Of dochs beide winner? Wol de 1-1 yn’e boeken. Henk Haagsma tsjin Atte Boek: sy hiene beide in 6-6 oant no ta en hawwe elkoar dizze kear gjin sear dwaan kind. Miskien kin in lykspul dochs in bytsje sear dwaan mar dat is pas nei ôfrin; ek hjir 1-1. Herman de Jong tsjin Jan Kooistra. Jan is dit jier goed op dreef – hiel soms lit hy in stek falle - en Atte hellet dit jier ek knap punten. In protte gestin en gjin gewin oan dit damboerd: 1-1. Dan lantearneman Jelke de Jong tsjin Quido van Hazendonk: de kampioen moat it wier meitsje en Jelke hat neat te ferliezen. De damklok makket it gestin in bytsje sichtber en it damboerd lit it houtenrisseltaat der fan sjen. Ien winner by de acht man op dizze jûn en dat is de kampioen. Jelke-Quido 0-2. Dizze risseltaten bringe Quido wer op kop fan de ranglist mei 8-13 en Jelke bliuwt njoggende fan de tsien. Earstdeis wachtet in fjouwertalle bekerstriid tsjin en yn Aldemardum: 13 desimber.

Auteur

Brenda van Olphen