Zilveren speld voor Johan Platte

JOURE

Sneon 19 novimber hat Johan Platte de sulveren bûnsspjelde krigen fan Stichting Amateurtoaniel Fryslân.

Geart Louwes fan de STAF kaam nei It Haske, wêr’t Johan yn it stik Lamelos spile, om dizze spjelde oan Johan út te rikken. Oanlieding wie de 25 jier die’t hy toanielspile hat by Fryske Krite de Jouwer. It earste stik wêr Johan oan meidien hat wie “In skûle yn de nacht”. Johan wie ynfaller yn dit stik, moast yn 3 wike syn tekst leare en waard direkt fermoarde. Mar wa tinkt dat it dermei dan ek dien wie hat it mis. Dit wie it begjin fan in prachtige searje spile stikken. Yn dit skoft hat Johan meidien oan de lêste beide jubileumstikken fan de Krite. Yn 1998 wie dat it stik “Op ien betingst”. Dit wie it 60-jierrich jubileum fan de Krite. En ek by de 75 jier wie Johan der wer by. Hy spile de fenomenale rol fan de dirigent Daniël Daréus yn it stik “Ik wol libje”. En dan wie der tusken alle oare stikken noch in bisûnder stik. “Takom jier selde tiid”. Net foar te stellen datsto mei 2 minsken in hiel stik spylje kinst. Tegearre mei Janetta Zijlstra hat Johan hjir in geweldige prestaasje levere. Hy die net oars as roppe: “ Ik kin dit net” en “noait wer”, mar… op de slútjûn bliek dat al it hurde wukjen net foar neat west hie, want hja hiene de earste priis. Sûnt 2009 is der noch in ekstra diminsje oan it spyljen tahekke. Soan Mike stapt it toaniel ek op. Yn de stikken “Alles foar de tún”, “Ien fleach oer it koekoeksnêst” en “De tiid fan myn libben” ha Johan en Mike, Heit en soan, tegearre op de planken stien. En ek yn “Lamelos” ha jo sjen kind dat dat in prachtige kombinaasje is. Mar Johan hat net allinich by de Krite syn talinten sjen litten. Eartiids hat Johan ek meidien mei de Iepen Lofspullen Gods Bidlers, Dúvels en De Goude Swipe. Dat is fêst in gesellige tiid west, want út betroubere bron is fernaam dat Johan nei de rippetysjes stie te sjongen op de taffel yn It Tolhûs. De lêste jierren spilet Johan net allinich, mar lit hy syn kwaliteiten as regisseur ek sjen bij de feriening Eigen Folk. Hjir hat hy de stikken “It komt út de loft” en “Pater en non, wêr binne we oan begon” regisearre. En hy stiet klear om dit seizoen mei de minsken fan Eigen Folk “In noflike fakânsje” op de planken te setten.

Auteur

Brenda van Olphen