Jouster dammers hast healwei

DE JOUWER

De ûnderlinge striid tusken de Jouster dammers sit krapoan op de helte, dat wol sizze acht spullen yn de earste omloop en sân yn de twadde want Bonne Post spilet ien helte mei.

Jelke en Herman de Jong kamen as earste op de helte oan: in bytsje yn’e Sinteklazesfear fan ‘earlik sille wy alles ferpartsje’ waard dizze pot in lykspul. Herman kaam op 4 wedstriidpunten oant no ta en Jelke ferdûbele syn skoare nei twa mar sil grif mear skoare yn de twadde helte. Jan Kooistra tsjin Atte Boek: in drege pot en dus ek in moaie pot damjen. Kânsen fan wjerskanten mar Jan kaam as earste op de daamline. Atte seach it swurk driuwen en Jan koe de winst pakke. ‘Koe’ mar hy die it net; Atte ûntsnapte oan ferlies. Trochgean levere Atte noch in kâns op in lykspul op mar dizze kear pakte Attede kâns net. Jan liet gjin twadde kâns oan Atte mar greep by de tredde kâns de beide punten. Jan op 7-8 en Atte op 8-6. Henk Haagsma tsjin Quido van Hazendonk: it gie allegearre best nei’t sin fan Henk. Hy bleau moai lyk yn hout oant … jo fiele dat al oankommen… oant hy by neier ynsjen better in oare set dwaan kind hie. Soks wurd dan melden as de striid oer is… Quido hie doe beide punten al en komt op 7-11 wylst Henk op 7-6 stiet en dat is in bytsje oan de meager kant foar syn dwaan. Wiebren Couperus tsjin Bonne Post: beide noch sunder ferliespartij op de klup. In potdamjen mei de gong der yn. Nei lang neitinken batste Bonne der yn, net benaud. It antwurd kaam al gau en it die bliken dat Bonne in bytsje ûnfoarsichtich west hie: hy kaam in skiif efter. Lang-om- let bruts him dat op: in trije- tsjin-twa- stân wie gjin trochkommen oan. Wiebren kaam op 7-12; en Bonne mei 5-6 is ek noch yn’e plus-skoare.

Auteur

Brenda van Olphen