Balkster latte te Heech

Joure

De latte te heech: dan moat men der ûndertroch. Sa gie de Jouster damklup der ûndertroch tsjin Balk.

Balk wie net echt sterker mar hie krekt in bytsje mear lok. De Jouwer begûn wer mei in tal lykspullen: Ultsje Venema tsjin W.Folkerts wiene as earste út en it stie 1-1. Wiebren Couperus tsjin S.Boersma ek kamp en Henk Haagsma tsjin S.Brandenburg folge dat foarbyld. Bonne Post tsjin J.Folkerts en ek Atte Boek tsjin U.Groen waarden lykspullen: 5-5. Herman de Jong hie alles moai op streek mar ien mistaast kin hiel wat goeds bedjerre en Herman stie twa skiven efter. Dat levere in nul op mar Quido van Hazendonk tsjin F.Verhoeff makke it ferlies fan Herman wer goed. Quido kaam hiel rap in skiif foar en skode hoeden nei de winst oan it earste boerd. De 7-7 koe alle kanten noch út en Jan Kooistra tsjin J.Smits moast it wier meitsje. De omstanners seagen wol kansen foar Jan mar Jan makke der wat oars fan. Mei in trochbraak nei de daamline krige Smits de bêste kansen en pakte dy ek: 0-2 en sa 7-9 foar Balk dat mei troch it opdûken fan damklup Follegea sterker foar it ljocht kaam as in jier tebek.

Auteur

Brenda van Olphen