Recensie | Fryske Krite ‘De Jouwer’ op hilaryske toer

DE JOUWER

It blijspul ‘yn 5 bedriuwkes’ is ‘basearre’ op de VPRO-searje ‘Loenatik’, dy’t in ferfolch krigen hat yn twa films. Searje en films binne bedoeld foar bern, mar sa as mear goede bernesearjes-- Swiebertje en Pipo de Clown bygelyks – ha ek folwoeksenen oan ‘Loenatik’ in protte wille belibbe.

Hiel ‘fakkundich’ hat de skriuwer de tekst troch it brûken fan minder fynfielende seksueel kleurde taspilingen -- manlju dy’t ‘plakkerige flekken’ yn bêd efterlitte -- en dito skimpskoaten op homofilen, ûngeskikt makke foar bern. Fiif psychiatryske pasjinten, de direkteur en syn freon, in ferpleechster en in stazjêre kinne de besikers sûnder mis in hiele noflike jûn besoargje. De ienige betingst is dat it healwize gedoch – de healwizens hast foarby – sjoen wurdt sa as it bedoeld is: fermeits foar bern, en foar folwoeksenen dy ’t hâlde fan ûnkomplisearre wille.

De aktearprestaasjes rinne útinoar fan hiel akseptabel ta tige yn oarder. It lêste is yn alle gefallen fan tapassing op de direkteur (Johan Platte) , net sa’n grutte rol mar treflik ynfolle. Dat hjir mar ien namme neamd wurdt, wol perfoarst net sizze dat de oaren minder goed binne. It is bygelyks in lust om te sjen hoe’t Nico de Lange (dokter Doolittle) en Boukje Hofma (de ferpleechster) harren rollen spylje, en gean sa mar troch. Yn it earste bedriuw meitsje we kennis mei de bewenners fan ‘Lamelos’. It krystspul dat wat letter opfierd wurdt, stiet – hoe geastich ek – eins los fan it gehiel en is as sadwaande oerstallich. Neierhân komt it ferhaal goed op gong en wurdt it nêst humoristysk noch spannend ek. Spitich eins dat in bytsje om de ein socht wurdt, mar ôfbreuk oan it gehiel docht dat gelokkich amper. Elske Roorda – gjin ûnbekende mear op ‘e Jouwer – hat de rezjy dien. Se hat goed gebrûk makke fan de mooglikheden fan de spilers dy’t se ta har foldwaan hat. Se fertsjinnet benammen in komplimint foar in tal prachtige rezjyfynsten.

It dekor liket hiel ienfâldich, minimaal hast, mar de dekorploech hat der sûnder mis it nedige wurk oan hân en wer in perfekte prestaasje levere. Foar freed 18 novimber (20.00 oere) en foar sneon 19 novimber (ek 20.00 oere) binne noch kaarten beskikber. Lit de kâns op in bysûnder fermaaklike toanieljûn yn ’t Haske net oan jim noas foarbygean. Ta beslút in warskôging: wa ’t net al te sterke bûkspieren hat, kin miskien mar better thús bliuwe.

Sieger Bijsterveld


Auteur

Brenda van Olphen