Damklup ‘Joure’ 87 jier op 11/11

Joure

In wike nei it treffen tsjin Tersoal stie by de Jouster dammers it fisier net op skerp, koene gjin fûst meitsje.

Dat betsjut dat der dizze kear gjin spikers mei koppen slein waarden mar faker in gat yn de loft. Ultsje Venema tsjin Jan Kooistra: wy kinne net sizze dat it fisier net op skerp stie mar miskien wie it in spultsje fan ‘beide like skerp’ want it draaide út op in lykspul. Ultsje noch sûnder ferlies partij en Jan hat mar ien nul oant no ta. Bonne Post tsjin Atte Boek: in soarte fan fluchdamjen want yn in koart skoftke ferdwûnen der in protte skiven yn it doaske. Bonne syn skiven stiene mear as fjouwer fekken foarút en Atte kaam noch net fierder as syn earste fjouwer fekken. Foar it each stie Bonne ‘dus’ folle better mar de ferdigening fan Atte wist fan gjin tajaan. Bonne earst op daam, sa as ferwachte, mar Atte wie ek net mear te kearen. Sa ek hjir in 1-1. Herman de Jong tsjin Henk Haagsma: it einspul like in beslissing te jaan want Henk hie it fjild en de romte en Herman siet yn de ferdigening oan ien kant mar hy hie der ek noch in mûzefalle yn foar it gefal dat Henk in daam meitsje soe. Herman lavearre kundich nei in lykweardich einspul: 1-1. De ienichste beslissing waard te boek set yn de striid tusken Wiebren Couperus en Jelke de Jong: Jelke skode der in 2-om- 3 yn en krige in daam om de earen. Wiebren is noch ien fan de fjouwer spilers sûnder nul en ek dizze kear: mear lok as wiisheid mar wol op kop mei 6-10. Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen